Finale tv-programma Doch ut foar dyn doarp in Wergea

Bron: Omrop Fryslân

PERSBERICHT – Uitnodiging voor de pers
22 juni 2011

Grote finale ‘Doch it foar dyn doarp’ op 2 juli
Zaterdag 2 juli wordt in Wergea bekend welk dorp de € 10.000,- heeft gewonnen

Het eerste seizoen van Doch it foar dyn doarp zit er bijna op. Het televisieprogramma startte op 5 april in Oldeholtpade en vanaf 28 juni is Warga het laatste dorp dat zich op de televisie zal laten zien. Op zaterdag 2 juli is de allerlaatste uitzending en direct daarna barst de grote finale los. Welk dorp zal de hoofdprijs van € 10.000,- winnen voor een goed doel in dat dorp?

De grote finale vindt plaats op het terrein van Cultureel Centrum De Bidler in Warga. Als de laatste uitzending van Warga afgelopen is, om 17:00 uur, begint het feest al met live muziek op het feestterrein. Van 18:20 tot 19:00 uur is de live-uitzending van de grote Doch it foar dyn doarp-Finale, ook te zien op Omrop Fryslân Televisie. De dertien deelnemende dorpen komen zo massaal mogelijk naar Warga toe. Om Warga aan te moedingen bij de laatste uitzending, maar natuurlijk voornamelijk om bij de finale te zijn, mee te zingen, feest te vieren en misschien wel om € 10.000,- in de zak te steken!

In de finale-uitzending kijken we aan de hand van filmpjes en gesprekken met vertegenwoordigers van de dorpen terug op 13 weken Doch it foar dyn doarp. In het programma ook aandacht voor het Oranje Fonds, de sponsor van de hoofdprijs van

€ 10.000,-. Er is live muziek van De Wiko’s, die een speciaal DIFDD-lied hebben gemaakt op de melodie van het nummer “It Bûthúsbankje”. We zullen ook aandacht besteden aan ‘de stok’, zo creatief bedacht door Oldeholtpade en net zo creatief bewerkt door de andere dorpen. En het belangrijkste: de jury maakt bekend wat het meest creatieve ’tv-dorp’ van Fryslân is en de hoofdprijs van € 10.000,- wint.

Het jeugdwerk en de culturele commissie van Warga organiseren na de finale-uitzending nog een feest voor alle aanwezigen. Dat is vanaf 19:00 uur (wordt niet uitgezonden op Omrop Fryslân Televisie). Op dat feest is live muziek van onder anderen Weima van der Werf, de band Van Geeftem en artiesten uit de deelnemende dorpen.

Grutte finale ‘Doch it foar dyn doarp’ op 2 july
Sneon 2 july wurdt yn Wergea bekend hokker doarp de € 10.000,- wún hat

It earste seizoen fan Doch it foar dyn doarp sit der hast op. It televyzjeprogramma sette op 5 april útein yn Aldeholtpea en fan 28 juny ôf is Wergea it lêste doarp dat him op ‘e televyzje sjen litte sil. Op sneon 2 july is de alderlêste útstjoering en fuortdalik dêrnei barst de grutte finale los. Hokker doarp sil de haadpriis fan € 10.000,- winne foar in goed doel yn it doarp?

De finale fynt plak op it terrein fan Kultureel Sintrum De Bidler yn Wergea. As de lêste útstjoering fan Wergea ôfrûn is, om 17:00 oere, set it feest al útein mei live muzyk op it feestterrein. Fan 18:20 oant 19:00 is de live-útstjoering fan de grutte Doch it foar dyn doarp-Finale, dy’t ek te sjen is op Omrop Fryslân Televyzje. De trettjin dielnimmende doarpen komme sa massaal mooglik nei Wergea ta. Om Wergea oan te moedigjen by de lêste útstjoering, mar fansels benammen om by de finale te wêzen, mei te sjongen, feest te fieren en miskien wol om € 10.000,- yn ‘e bûse te stekken!

Yn de finale-útstjoering sjogge wy oan ‘e hún fan filmkes en petearen mei fertsjintwurdigers fan de doarpen werom op 13 wiken Doch it foar dyn doarp. Yn it programma ek omtinken foar it Oranje Fonds, de sponsor fan de haadpriis fan € 10.000,-. Der is live muzyk fan De Wiko’s, dy’t in spesjaal Doch it foar dyn doarp-liet makke hawwe op de wize fan it nûmer “It Bûthúsbankje”. Wy sille ek omtinken jaan oan ·de st·k”, sa kreatyf betocht troch Oldeholtpea en like kreatyf bewurke troch de oare doarpen. En it wichtichste: de sjuery makket bekend wat it meast kreative ’tv-doarp’ fan Fryslân is en de haadpriis fan € 10.000,- wint.

It jongereinwurk en de kulturele kommisje fan Wergea organisearje nei de finale-útstjoering noch in feest foar alle oanwêzigen. Dat is fan 19:00 oere ôf (wurdt net útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje). Op dat feest live muzyk fan ûnder oaren Weima van der Werf, de band Van Geeftem en in tal artysten ’t de dielnimmende doarpen.

Yn it programma Doch it foar dyn doarp joech de Omrop fiif kear in heal oere rjochtstreekse stjoertiid op televyzje fuort oan 13 doarpen yn Fryslân. Trije moannen lang, fan tiisdeis oant en mei sneons, stie de kamera alle wiken yn in oar doarp yn Fryslân. Yn dy wike moast it doarp besykje alle dagen it heal oere sa orizjineel mooglik yn te foljen. De Doch it foar dyn doarp-útstjoerings binne werom te sjen op www.dyndoarp.nl.

Noat foar de redaksje:

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:

Geert van Tuinen (projektlieder): 06 514 163 16

De parse is fan herte wolkom op 2 july yn Wergea! Oanmelde is net nedich.

It programma:

Fan 15:00 oere ôf: trochrin foar de lêste útstjoering fan Wergea

Fan 16:30-17:00 oere: de lêste útstjoering fan Wergea, live op televyzje

Fan 17:00-18:15 oere: live muzyk op it feestterrein

Fan 18:20-19:00 oere: de grutte Doch it foar dyn doarp-Finale

Fan 19:00 oere ôf: feest mei live muzyk

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.