Skriftlike fragen artikel 41, earste kêst neffens Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne troch de FNP fraksje Ljouwert op moandei 20 febrewaris 2017.
Acht kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders,
Ynlieding:
Mei it each op de kommende weryndieling yn 2018, is de FNP fraksje fan miening dat de opheffingsnoarm foar skoallen dy’t aanst binnen de gemeentegrinzen fan Ljouwert falle,
heger útfalt dan de hjoeddeiske noarm yn de gemeente Littenseradiel.
Foar de gemeente Littenseradiel leit de opheffingsnoarm no op 33.
Sjoen it grut tal lytse skoallen yn de gemeente Littenseradiel is dit in geunstige opheffingsnoarm.
De opheffingsnoarm foar skoallen dy’t aanst binnen de gemeentegrinzen fan Ljouwert falle, wurdt mei yngang fan 2018: 91.
Dit is in stik heger dan de hjoeddeiske opheffingsnoarm yn Littenseradiel en is in grutte bedriging foar it fuortbestean fan de basisskoallen yn Littenseradiel.
De FNP is fan miening dat der útgien wurde moat fan twa opheffingsnoarmen t.w.
in opheffingsnoarm foar de stêd en in opheffingsnoarm foar de doarpen.
Fragen:
Is it kolleezje ek fan betinken dat nei de weryndieling yn 2018 it besteande foarsjenningsnivo op it plattelân en de “nije”doarpen oerein bliuwe moat? Is it kolleezje it mei de FNP iens, dat de leefberens yn de doarpen foarop stean moat en wol it kolleezje har hjir maksimaal foar yn sette? Is it kolleezje it mei de FNP iens, dat de skoalle it sintrale punt yn in doarp is as it giet om de leefberens? Is it kolleezje it mei de FNP iens dat in slúting fan de lytse basisskoallen nei 2018 foarkommen wurde moat? Is it kolleezje dêrby ree om twa opheffingsnoarmen te hântearjen, n.l. ien foar de stêd en ien foar de doarpen? Is it kolleezje ree yn oerlis mei de skoallebestjoeren in fersyk yn te tsjinjen by it ministearje ta it ynstellen fan twa opheffingsnoarmen?
Graach soene wy binnen sa’n koart mooglike termyn in antwurd hawwe wolle op ús fragen.
FNP Fraksje Ljouwert
Lyda Veldstra-Lantinga

