Posthumus: Boarnsterhim niet hookstrooks yn alle hasten opheffen

Bron: Sybren Posthumus

Boarnsterhim noch seker 5 jier

Ik hear op dit stuit nei in treflik radio-ferslach fan de Boarnsterstim oer de takomst fan ús gemeente. De boargemaster hat krekt sein dat de ‘propositie’ is dat dat de gemeente ûnder in artikel-12 status, dêr’t de gemeente no ûnder falt, noch 5 jier bestean bliuwe sil. Noch seker 5 jier!! It liket my dan ek frjemd om no, oer 14 dagen al (op 15 desimber), hookstrooks yn alle hasten te besluten oer it opheffen, weryndieling of in oare ferdieling. Lykwols, sa te hearren wolle de measte partijen dat al. En it kolleezje hat moarn of oaremoarn it stik foar de diskusjejûn op 15 desimber al klear (dat is dus no al yn grutte linen yn kalk en semint). It hat in diskusjejûn foar de bühne west. De measte partijen hienen al lang in stânpunt ynnommen. Wylst in hiel soad doarpen en ynwenners noch tal fan fraachtekens hawwe. Oer de artikel-12 status, oer by hokker gemeente se eventueel wolle, ensfh. Deselde flaters as yn 1984, doe’t Boarnsterhim ûntstien is? Hooplik net.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.