Persbericht: gemeente Sneek
Parseberjocht
Snits” 3 novimber 2008
VNG foarstanner desintralisaasje taken Fryske taal en Kultuer oan provinsje Fryslân
De Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) hat kennis naam fan de befinings fan de kommiske Lodders dy’t desintralisaasjemooglikheden fan it ryk nei de provinsjes ûndersocht hat as it giet om de Fryske taal en kultuer.
By de besite oan de ledegearkomste fan de Vereniging Friese Gemeenten (VFG) troch VNG-foarsitter frou J.A. Jorritsma is troch de hear drs. A.A.M. Brok, boargemaster fan Snits (foarsitter fan de VNG ûnderhannelingsdelegaasje Kultuer mei minister de hear dr. R.H.A. Plasterk) stipe frege om ek werklik it foech fan it ryk as it giet om Kultuer en Underwiis (ynklusyf finânsjes) te desintralisearjen nei de provinsje Fryslân.
Neffens de hear Brok is dit de ienige wei om ek substansjeel in ympuls te jaan oan in folwoeksen taalbeleid yn Fryslân. Hjirmei kin Nederlân tagelyk de ferdrachbepalings fan it Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen, op in mear adekwate wize as yn it ferline, ynkleurje. Desintralisaasje nei de provinsje hat boppedat grutte foardielen foar it gemeentlik belied op it mêd fan taal en ûnderwiis.
Ofrûne tongersdei 30 oktober hat de hear G. Krol, foarsitter fan de VFG, yn de lanlike bestjoersgearkomste fan de VNG yn Den Haach dit punt ’t namme fan de Fryske gemeenten ynbrocht. It bestjoer fan de VNG wie dêrnei unanym fan miening dat it stribjen fan de provinsje Fryslân om taken op it mêd fan Fryske taal en kultuer te desintralisearjen fan ryk nei provinsje honorearre wurde moat. Dit stânpunt stipet de aksjes dy’t de kultuerdeputearre fan Fryslân frou J.A. de Vries ûndernimt op dit mêd.
+++
VNG voorstander decentralisatie taken Friese Taal en Cultuur aan provincie Fryslân
De Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) heeft kennisgenomen van de bevindingen van de commissie Lodders die decentralisatiemogelijkheden van het rijk naar de provincie heeft onderzocht met betrekking tot de Friese taal en Cultuur.
Tijdens het bezoek aan de ledenvergadering van de VFG door VNG-voorzitter mevrouw J.A. Jorritsma is bij monde van burgemeester de heer drs. A.A.M. Brok van Sneek (voorzitter van de VNG onderhandelingsdelegatie Cultuur met minister de heer dr. R.H.A. Plasterk) steun gevraagd om ook daadwerkelijk bevoegdheden van het rijk inzake Cultuur en Onderwijs (inclusief financiën) te decentraliseren naar de provincie Fryslân.
Volgens de heer Brok is dit de enige manier om ook substantieel een impuls te geven aan een volwassen taalbeleid in Fryslân. Hiermee kan Nederland tevens de verdragsbepalingen van het Europees Handvest voor Minderheidstalen, op een meer adequate manier dan in het verleden, inkleuren. Decentraliseren naar de provincie heeft eveneens grote voordelen voor het gemeentelijke beleid op het terrein van taal en onderwijs.
Afgelopen donderdag 30 oktober heeft de heer G. Krol, voorzitter van de VFG, in de landelijke bestuursvergadering van de VNG in Den Haag dit punt namens de Friese gemeenten ingebracht.
Het bestuur van de VNG was vervolgens unaniem van mening dat het streven van de provincie Fryslân om taken op het terrein van Friese taal en cultuur, te decentraliseren van rijk naar provincie, gehonoreerd dient te worden. Deze stellingname is ondersteunend aan de acties die de cultuurgedeputeerde van Fryslân mevrouw J.A. de Vries onderneemt op dit terrein.

