It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’ is makke troch Jetske Bilker. De Nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 12 o/m 23 maart. By oanskaf fan € 15,- oan boeken by jo boekhannel krije jo yn de Nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.
Skriuwer Gerwin van der Werf oer it ferskinen fan it Boekwikegeskink yn it Frysk: “Ik ben heel trots! Dit is geweldig leuk voor de hele familie Van der Werf, afkomstig uit Veenwouden en Leeuwarden, en oorspronkelijk uit Sneek!”


