Bron: Seedyksterfeartfisk; Abe de Vries
Foto: New Noardic Wave

Fergees ferneamd tanksij City of Literature
‘Ynternasjonalisearring’ fan de Fryske poëzij is ien fan de spearpunten fan it CoL-programma. Op de webside fan dizze ‘netwurkorganisaasje’ dy’t jierliks tonnen útjaan kin, krijt men in faach idee wat it doel is: ‘Hoe maken we de Friese poëzie internationaal zichtbaar?’
Nou, dêr hat CoL in oplossing foar betocht. ‘In het komende jaar laten wij werk van plm. 25 Friese dichters vertalen in het Engels. De gedichten worden opgenomen in het internationale archief van Poetry International.’
It kin fansels wêze dat dy oplossing net troch CoL betocht is, mar troch ien of beide ‘partnerorganisaties’ yn dit projekt, te witten Rixt en het Nederlands Letterenfonds. It ‘netwurk’ makket de ferantwurdlikheid diffús: as it mis giet is it nimmens skuld en komt der krityk, dan jout net ien thús. Mar goed, ik krige dus in brief fan de baas fan CoL.
Oft ik as ien fan dy 25 meidwaan woe en yn dat gefal trije fan myn gedichten – ik mocht se sels útkieze – oanleverje woe dy’t dan yn it Ingelsk oerset wurde soenen troch betûfte oersetters. 25 dichters, allegear trije fersen, dat wie it idee.
Ik tocht, moat ik no wer dwers en ferkeard? Sil ik as non-celebrity mar gewoan trije fan myn ferskes oanleverje en fierder net muoilik dwaan? Dat wie yndie myn earste refleks, jo kinne it leauwe of net.
Mar ja, ik moat ek om myn imago tinke. Tocht ik doe. En dan begjint it my dochs yn ’e plasse te boarreljen en te prutteljen. 25 Fryske dichters mar leafst. Ik telle. Noch in kear telle. No haw ik noait útblonken yn siferaasjes, mar ien ding wit ik wol. Der binne hielendal gjin 25 Fryske dichters.

