Presintaasje gedichtebondels op Nationale Gedichtendag

Bron: Tresoar

Gedichtedei, tongersdei 31 jannewaris 2013 Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert 16.00 oere

Feestlike presintaasje fan de dichtbondels “Ravensulver” fan Abe de Vries en “In hazze is in lokkich bern” fan Edwin de Groot. Dit binne de 1e útjeften fan útjouwerij HotSum (yn gearwurking mei de Contrabas). Fierder muzyk fan Herman Peenstra, foardrachten fan dielnimmers oan FeRstival en Anne Popkema sil op ‘e tekst oer oersetten. It tema fan dizze oanbieding is meartaligens.

Ynrin fan 15.30 oere ôf mei kofje/tee. Nei ôfrin gelegenheid om de bondels te keapjen en sinjearje te litten en in glês te drinken. Tagong fergees.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring