Foto: A. Keikes
25 jier as Leitmotiv
It jier 2026 is foar de Moanne net samar in jier… Wy geane nammentlik ús 25ste jiergong yn! Dat moat fansels fierd wurde! Dat dogge wy dit jier troch werom te sjen op de ôfrûne fearnsiuw, én troch foarút te sjen. Yn it tydskrift én online sil ús fiifentweintichjierrich jubileum dizze jiergong in Leitmotiv wêze. In oprop dêrfoar oan elkenien fynst yn dizze nijsbrief.
De foto út ‘e âlde doaze hjirboppe lit de begjintiid fan de Moanne sjen. Om ‘e tafel sitte mei de klok mei Jitske Kingma, Ernst Bruinsma, Jan Pieter Janzen (ferstoarn yn 2005), Marita de Jong en Henk van der Veer. De foto (fan Teake Oppewal, kolleksje Tresoar) waard makke mei in redaksjegearkomste, yn Hotel de Pauw, lang in favoryt plak yn it Fryske literêre fjild. Mar ek in etablissemint dat yn dizze foarm al in hiel skoft net mear bestiet (tsjintwurdich sit der Koya, in All You Can Eat Koreaansk BBQ-restaurant). De Moanne is der gelokkich noch al.
Graach oant sjen yn dit jubileumjier!
Ut namme fan de redaksje,
Tsjerk Bottema, einredakteur.
Moanne’s moaiste
In fraach oan jim allegearre, jubilearjend abonnee of auteur, of krekt yn ‘e kunde kommen mei de Moanne is: hokker stikken en items binne jim de ôfrûne 25 jier it meast by bleaun? Wat wie de moaiste cover fan de Moanne oant no ta? Wat binne tema’s dy’t wy de ôfrûne fearnsiuw by de kop hân hawwe, dêr’t wy nedich op ‘e nij wer ris by stilstean moatte? En wat hawwe wy oant no ta oer de holle sjoen, dêr’t wy echt absolút ris omtinken oan jaan moatte?


