Bron: It Nijs
Foto: Simon van der Woude
Skôging troch Abe de Vries
Fan 14 oant en mei 16 septimber 2022 hâlde Fryske Akademy, RUG en NHL/Stenden in ‘Conference on Frisian Humanities’, yn gewoane taal in Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, yn it WTC yn Ljouwert. It is de twadde kear dat se soks dogge: in parade organisearje fan wat se beskôgje as it bêste en nijsgjirrichste en wichtichste wurk dat Fryske ‘geasteswittenskippers’ út ’e wei sette.


