Provinciale Staten willen van adverteren in de Friese kranten af

Bron: Abe de Vries

PROVINSJALE STEATEN WOLLE FAN DE KRANTEN ÔF

It praat fan provinsjale politisy dat goeie kranten sa belangryk binne foar de demokrasy en dat se der sa wiis mei binne – dat is dûbelpraat, sa blykt hjoed út in berjocht yn it Friesch Dagblad.

Provinsjale Steaten wolle net mear advertearje yn de beide Fryske deiblêden want se tinke dat se op in oare wize – fia sosjale media – mear minsken berikke kinne.

De jierlikse 90.000 euro dy’t yn krante-advertinsjes sit, sil dus tenei oars bestege wurde. Filmkes en sa. Op sosjale media. Dêr’t, dat wit elkenien, minsken boppe in beskate leeftyd net nei sjogge.

Boppedat: goede regionale kranten binne yndie fan libbensbelang foar de demokrasy. En dy kranten hawwe it al net maklik, finansjeel.

Woansdei wurdt it ûnsillige útstel yn de Steaten behannele. Wa wurdt wekker?

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring