Filologen: behoud volwaardige studie Friese taal en cultuur

Resolúsje fan dielnimmers Frysk filologekongres 2012

Behâld fan in folweardige stúdzje Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen

De organisaasje fan en dielnimmers oan it 19de Frysk filologekongres, dat de ôfrûne trije dagen by de Fryske Akademy holden waard, binne fan betinken dat der in folweardige BA/MA-stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Rijksuniversiteit Groningen bestean bliuwe moat. Se binne it folslein ûniens mei de plannen foar de werstrukturearring fan de oplieding, dy’t sa redusearre wurdt ta in marzjinale oplieding, en op dy wize gjin goede wittenskiplike basis foar it Frysk mear garandearje kin. Soks hat ek syn wjerslach op de status en foar it gebrûk fan de Fryske taal, as twadde rykstaal.

Dit jier wienen op it Frysk filologekongres mei-inoar goed 90 binnen- en bûtenlânske wittenskippers oanwêzich, allegear mei úndersyksynteresse foar de Fryse taal en kultuer. Der binne 45 lêzingen holden, wêrfan likernôch in treddepart troch studinten of meiwurkers fan de Rijksuniversiteit Groningen. Mochten de plannen sa’t se der no hinne lizze trochgean, dan sil ek it Frysk filologekongres, en dêrmei de takomst fan de frisistyk mei syn rike úndersykstradysjes, dêr swier ûnder te lijen ha.

Wittenskiplik debat

It Frysk filologekongres is in wichtich poadium foar it wittenskiplik debat oangeande it ûndersyk fan it Frysk yn ‘e breedste sin en in moetingsplak foar wittenskippers dy’t har spoaren al fertsjinne ha en foar nij talint, dat wie ek dizze 19de kear (fan 13 oant en mei 15 juny) wer it gefal. It filologekongres wurdt al sûnt 1956 troch de Fryske Akademy ien kear yn de trije jier organisearre.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.