Kom op sneon 17 maart (19.30 oere) en snein 18 maart (16.00 oere) nei de reisfoarstelling It geheim fan ‘e Kânselier fan Tryater yn De Harmonie yn Ljouwert.
Spesjaal foar dizze foarstelling wurdt in workshop organisearre. Lear yn ien grappige teater-spul-les de tips en trúks dy’t nedich binne om in foarstelling te meitsjen. Dizze workshop begjint ien oere foar de foarstelling.
Kaarten foar de foarstelling binne te krijen via www.harmonie.nl of 058-2330233. De foarstelling is geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder.
‘Eén van de mooiste voorstellingen van Tryater’ (Wijd & Zijd)
‘It stik jout moai wat materiaal mei om thús mei-inoar noch lang wille om hawwe te kinnen. Niks meer dan SUPER, SUPER, SUPER.’ (Leeuwarder Courant)
Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang leafdefol regearret oer jong en âld en elkenien. Teminsten, sa liket it.
Keimpe is syn heit kwyt. Mar gjinien dy’t der wat fan ôf wit of witte wol. As Keimpe lykwols beslút om syn heit te sykjen, stapt hy yn in grut aventoer. Syn syktocht is gefaarlik. Underweis komt er yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de baas fan de sjittinte en syn dochter’ Bringe dizze nije freonen him no tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
Bline Arend wurdt spile troch special guest Piter Wilkens. Fan de ferskes ’t de foarstelling is ek in CD makke. Dizze is foar €7,50 te keap nei de foarstelling of op www.tryater.nl.
Tryater spilet it stik op tal fan plakken yn Fryslân oant en mei 28 april. De foarstelling is ek tige geskikt foar bern fan 8 jier ôf.

