It geheim fan ‘e Kânselier
Tryater spilet de famyljefoarstelling It geheim fan ‘e Kânselier yn Ljouwert
Kom op snoen 28 april nei de lêste foarstelling fan It geheim fan ‘e Kânselier fan Tryater yn it Tryatergebou yn Ljouwert. In famyljefoarstelling foar elkenien fan 8 oant 88 jier fol mei grappige personaazjes, adembenimmende situaasjes en oandwaanlike mominten. As jo ‘ m noch net sjoen ha: gau beslute, want mear as 6.000 minsken giene jo al foar. De foarstelling begjint om 19.30 oere.
Bestelle jo fjouwer kaartsjes of mear foar dizze jûn dan kinne jo op fertoan fan jo kaarten de cd mei foarstellingsmuzyk fan Piter Wilkens op ‘e jûn fan ‘e foarstelling fergees ôfhelje by de kassa! (1 CD per bestelling). De CD is foar € 7,50 te keap nei de foarstelling of op www.tryater.nl.
Kaarten foar de foarstelling binne te krijen fia www.tryater.nl of troch te beljen mei 058-3539550
‘ Eén van de mooiste voorstellingen van Tryater’ (Wijd & Zijd)
‘It stik jout moai wat materiaal mei om thús mei-inoar noch lang wille om hawwe te kinnen. Niks meer dan SUPER, SUPER, SUPER.’ (Leeuwarder Courant)
Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang leafdefol regearret oer jong en âld en elkenien. Teminsten, sa liket it.
Keimpe is syn heit kwyt. Mar gjinien dy’t der wat fan ôf wit of witte wol. As Keimpe lykwols beslút om syn heit te sykjen, stapt hy yn in grut aventoer. Syn syktocht is gefaarlik. Underweis komt er yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de baas fan de sjittinte en syn dochter’ Bringe dizze nije freonen him no tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
Tryater spilet it stik op tal fan plakken yn Fryslân oant en mei 28 april. De foarstelling is ek tige geskikt foar bern fan 8 jier ôf.

