Ljouwert, 16 april 2012
It geheim fan ‘e Kânselier yn Ljouwert
Net allinne foar folwoeksenen!
De lêste foarstelling fan It geheim fan ‘e Kânselier is op sneon 28 april yn it Tryatergebou yn Ljouwert. As jo ‘m noch net sjoen ha: gau beslute, want mear as 6.000 minsken giene jo al foar. It geheim fan ‘e Kânselier is in famyljefoarstelling geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder. Kaarten binne te krijen fia www.tryater.nl of troch te beljen mei 058-2539550. De foarstelling begjint om 19.30 oere.
Bestelle jo fjouwer kaartsjes of mear foar dizze jûn dan kinne jo op fertoan fan jo kaarten de cd mei foarstellingsmuzyk fan Piter Wilkens op ‘e jûn fan ‘e foarstelling fergees ôfhelje by de kassa! (1 CD per bestelling). De CD is foar € 7,50 te keap nei de foarstelling of op www.tryater.nl.
It geheim fan ‘e Kânselier is skreaun troch Peter Sijbenga yn gearwurking mei Bram de Goeij, dy’t de regy fan it stik ek dien hat. Spesjale gast is Piter Wilkens – as Bline Arend, de sjongende cowboy. Hy en Peter Sijbenga tekenje foar de muzyk. Spilers binne Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heech, Eelco Venema, Laila el Bazi en Raymond Muller.
Dizze lêste twa spilers komme ’t de nije ploech Jong Tryater. Laila el Bazi docht de oplieding Artiest Drama oan de oplieding D’Drive op it Friesland College. Raymond Muller sit op de oplieding Docent Theater fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. De foarmjouwing is yn hannen fan Johan Klijn en Annemarie Klijn.
‘Eén van de mooiste voorstellingen van Tryater’ (Wijd & Zijd)
‘It stik jout moai wat materiaal mei om thús meiïnoar noch lang wille om hawwe te kinnen. ‘Dikke skyt’ en dêrnei allegear yn koar: bèèèh! Of, yn ‘e wurden fan in jonge besiker: “Niks meer dan SUPER, SUPER, SUPER.” (Leeuwarder Courant)

