Fleurige flaggen meitsje hiel wat los foar us taal

Bron: Ried Fryske Beweging

It flaggefeest giet as in weach oer Fryslân

Wethâlder Deinum fan Ljouwert hat op 17 septimber de earste flagge fan it flaggefeest krigen. Op dy dei stuts Ljouwert as alderearste de flagge ’t foar taal. No, goed fjouwer wiken fierder, hingje der hiel wat mear flaggen yn Fryslân. Eltse dei stekt in nij doarp of stêd de flagge ’t. Dat leveret prachtige bylden op fan fleurige flaggen. Gjin wûnder dat der hieltyd faker frege wurdt om ek sa’n flagge. Se binne te bestellen by de Dokkummer flaggesintrale.

Alle doarpen en stêden flagje foar taal. Dêrmei jouwe sy oan dat se der wiis mei binne dat der sa’n rykdom en ferskaat oan talen yn Fryslân is. Op de flaggen steane parten fan gedichten yn it Stellingwerfsk, it Stêdsk, it Bildtsk en fansels yn it Frysk. Sa’n flagge stiet foar de eigenheid fan de streek. Alle doarpen en stêden hawwe harren eigen tekst op de flagge stean. It is in stikje fan in gedicht dat by it doarp of de stêd heart. Alle gedichten binne werom te lezen op www.keppelje.nl en alle dagen bringt GPTV in doarp yn byld en lêst in ynwenner fan it doarp har gedicht foar de kamera foar.

Dizze fleurige flaggen meitsje hiel wat los. It leveret praat op. Minsken wolle witte wêrom’t de flagge úthinget. Sa wurdt Kneppelfreed en de gefolgen dêrfan werom brocht yn it ûnthâld. Dat wie de bedoeling fan de Ried fan de Fryske Beweging. As it der dan ek noch foar soarget dat der mei respekt omgien wurdt mei de talen dan is it doel mear as berikt. Oan de ein fan dizze 60 dagen wapperje der 3600 flaggen yn Fryslân.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring