Drang – In wrange komeedzje, regisearre troch Peter Tuinman

DRANG
In wrange komeedzje, regisearre troch Peter Tuinman

Freed 15 oktober fynt de premjêre plak fan de reisfoarstelling Drang fan Tryater, in tragikomeedzje oer de gefolgen fan in nacht ’t in skier ferline fol lust en leafde. Drang spilet fan
12 o/m 16 oktober yn it Tryatergebou yn Ljouwert. Kaarten foar dizze foarstellingen binne te krijen op www.tryater.nl of 058-2539550. De oanfang is om 20.00 oere. Nei de foarstelling yn Ljouwert reizget Drang o/m 22 jannewaris fierder troch Fryslân.

Regisseur Peter Tuinman hat earder by Tryater wurksum west as akteur(û.o. Peer Gynt), mar hat no foar it earst de regy oer in foarstelling fan Tryater. De tekst fan Drang is skreaun troch Tjeerd Bischoff (11Stêdetocht, Down South).
De foarstelling begjint dêr’t it televyzjeprogramma Spoorloos ophâldt: hoe geane minsken mei elkoar om as se únferwacht wer by mekoar brocht binne? Drang wurdt spile troch Jan Arendz, Aly Bruinsma, Marijke Geertsma en Lourens van den Akker. De oersetting is fan Marijke Geertsma, de foarmjouwing fan Johan Klijn en Annemarie Klijn, it ljochtúntwerp fan Henk van der Kooi.

Juliette en Wouter binne in echtpear fan hast sechtich, sûnder bern. Hy hat it kontakt ferlern mei syn tiid, sy sjocht, nei in slimme sykte, mei skrik werom op har libben. As de freondinne mei har soan harren libben ynstapt, wurdt de rin fan it libben op ‘e nij tsjin it ljocht holden en wurde leagens ûntmaskere. Komysk, bitter en leafdefol tagelyk.

Peter Tuinman is benammen bekend as akteur, mar as regisseur wún hy yn 2009 de Toneelpublieksprijs mei Kopenhagen fan Het Nationale Toneel. Tjeerd Bischoff skreau yn 2008 prachtige sûnes foar de 11Stêdetocht fan Tryater, ûnder oare de seine yn Hylpen mei Thijs Feenstra. Yn 2010 wie hy ferantwurdlik foar de tekst fan Down South. Lourens van den Akker, ien fan de akteurs yn Drang, is ûnder it Fryske publyk bekend fan syn rol yn de Fryske dramaseary Dankert & Dankert en de Alvestêdetochtfilm De hel van ’63.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.