Bron: Statenfractie GrienLinks
Naar aanleiding van het artikel ‘NUON stopt toch met zonnecellen’ in de Volkskrant van vandaag heeft de statenfractie van GrienLinks in Fryslân (Friestalige) schriftelijke vragen gesteld aan het college van Gedeputeerde Staten van Fryslân, met het verzoek de kwestie te onderzoeken en te pogen de verkoop van zonnecellen-ontwikkelaar Helianthos (aan een bedrijf in China) tegen te houden. In de bijlagen vindt u zowel de Friestalige vragen als de Hollandstalige vertaling, plus het betreffende artikel uit de Volkskrant.
Deputearre Sjoerd Galema
1) Is it kolleezje op ‘e hichte fan it artikel yn de Volkskrant fan 21 oktober 2010, pagina 4: ‘NUON stopt toch met zonnecellen’?
2) Is it kolleezje ree om nei te gean oft it artikel kloppet, dus dat NUON, c.q. Vattenfall, ôf wol fan de ûntwikkeling fan sinnesellen troch dochterbedriuw Helianthos yn Arnhim?
3) Sa ja, wannear tinkt it kolleezje ús mear ynformaasje jaan te kinnen oer de gong fan saken by Helianthos?
4) As it kloppet dat NUON, c.q. Vattenfall Helianthos yn de ferkeap docht, is dat dan net yn striid mei âfspraken mei de (eardere) eigners fan NUON, lykas de provinsjes Gelderlân en Fryslân, no feriene yn de stifting Nepaf (NUON Energy Public Assurance Foundation), oangeande de produksje fan ‘griene’ enerzjy?
5) Sa ja, is it kolleezje ree om NUON, c.q. Vattenfall hjir sa gau mooglik op oan te sprekken?
6) Sjocht it kolleezje noch mooglikheden om – der fan útgeand dat it neamde krante-artikel kloppet – de ferkeap fan Helianthos tsjin te gean, dan wol op in oare oplossing oan te trúnjen, sadat de (te ferwachtsjen) produksje fan goedkeape sinnesellen yn Nederlân bliuwt?
7) Wol it kolleezje ús sa gau mooglik op ‘e hichte bringe fan eventuele útkomsten fan ien en oar?

