Bron: Omrop Fryslân
13 maart 2013
De laatste fietser wint goud
Gouden NL-Award voor Hea! met de reportage over ‘De lêste fytser’
Omrop Fryslân heeft woensdag 13 maart de Gouden NL-Award gewonnen. Dat is de erkenning voor de beste radio-, televisie- en internetproductie van de regionale omroepen. Het gaat om de reportage van Hea!, waarin de laatste deelnemer van de Friese Elfstedentocht wordt gevolgd tot aan het bittere einde. De reportage won in de categorie ‘TV Varia’ en werd daarna ook uitgeroepen tot de overall winnaar. Omrop Fryslân won een tweede NL-Award in de categorie ‘Evenementen’ met de verslaggeving van het Skûtsjesilen 2012.
De reportage over ‘De laatste fietser’ is gemaakt door programmamaker Janko Krist en cameraman Gerko Jonker. Zij volgden tot midden in de nacht Wiebe Idsinga, de allerlaatste elfstedentochtfietser die in Bolsward aan zou komen. Hoe moeilijk het ook was, Wiebe wist van geen ophouden en zou de eindstreep halen. Het gouden filmpje is te bekijken via de volgende link: http://www.omropfryslan.nl/fideo/hea-fan-29-maaie-2012-0.
Volgens de jury van de NL-Awards was de reportage “een prachtig voorbeeld van storytelling. Een mooi gecombineerde verhaallijn, sterk idee en prachtige beelden. Je leeft mee, je wordt er soms verdrietig van en soms vrolijk. De reportage is respectvol gemaakt.”
Janko Krist: ”De beste van alles! Dat had ik nooit verwacht. Dat is toch niet normaal?! We waren al een paar uur op pad en toen kwamen we bij toeval deze man tegen. En dan blijkt er een heel mooi verhaal aan vast te zitten van een man die niet van ophouden weet. Later kwam de mist er ook nog bij en dan kun je prachtige beelden maken.”
De tweede NL-Award voor Omrop Fryslân viel in de categorie ‘Evenementen’. Zoals ieder jaar, deed Omrop Fryslân ook in 2012 in de drie weken van het Skûtsjesilen verslag van dat evenement. De prijs is voor een samenvatting van de radio- en televisie-uitzendingen in die drie weken, met wedstrijdverslagen, een dagelijkse samenvatting en de live talkshow. “Liefde voor de sport, tradities en mooie beelden hebben de jury meegesleept in deze watersport”, aldus de jury.
De NL-Awards zijn de jaarlijkse onderscheidingen voor de beste producties van de regionale omroepen. De prijzen zijn, net als voorgaande jaren, uitgereikt op de ROOS-dagen, het congres voor alle regionale omroepen. Omrop Fryslân was dit jaar de omroep met de meeste nominaties voor de NL-Awards. De andere genomineerden waren: Need op Freed met alle broers en zussen van Marianne Vaatstra, Buro de Vries met de serie ‘Friezen thús yn Sweden’ en de documentaire van Fryslân DOK over Anne Zernike. In totaal waren er 23 radio- en televisieprogramma genomineerd, verdeeld over de categorieën Nieuws, Achtergrond, Varia, Evenementen, Documentaire en Crossmediale Producties.
PARSEBERJOCHT
13 maart 2013
De lêste fytser wint goud
Goudene NL-Award foar Hea! mei de reportaazje oer ‘De lêste fytser’
Omrop Fryslân hat woansdei 13 maart de Goudene NL-Award wûn. Dat is de erkenning foar de bêste radio-, televyzje- en ynternetproduksje fan de regionale omroppen. It giet om de reportaazje fan Hea!, wêryn’t de lêste dielnimmer fan de Fryske fytsalvestêde-tocht folge wurdt oant de bittere ein. De reportaazje wûn yn de kategory ‘TV Varia’ en waard dêrnei ek útroppen ta de overall winner. Omrop Fryslân wûn in twadde NL-Award yn de kategory ‘Evenementen’ mei de ferslachjouwing fan it Skûtsjesilen 2012.
De reportaazje oer ‘De lêste fytser’ is makke troch programmamakker Janko Krist en kameraman Gerko Jonker. Sy folgen oant midden yn ‘e nacht Wiebe Idsinga, de alderlêste alvestêdefytser dy’t yn Boalsert oankomme soe. Hoe dreech it ek wie, Wiebe wist net fan ophâlden en soe de einstreep helje. It goudene filmke is te besjen fia de folgjende link: http://www.omropfryslan.nl/fideo/hea-fan-29-maaie-2012-0
Neffens de sjuery fan de NL-Awards wie de reportaazje “een prachtig voorbeeld van storytelling. Een mooi gecombineerde verhaallijn, sterk idee en prachtige beelden. Je leeft mee, je wordt er soms verdrietig van en soms vrolijk. De reportage is respectvol gemaakt.”
Janko Kirst: “De bêste fan alles! Dat hie ik nea ferwachte. Dat is dochs net normaal?! Wy wiene al in pear oeren op ‘en paad en doe kamen we by tafal dizze man tsjin. En dan blykt der in hiel moai ferhaal oan fêst te sitten fan in man dy’t net fan ophâlden wit. Letter kaam de mist der ek noch by en dan kinst prachtige bylden meitsje.”
De twadde NL-Award foar Omrop Fryslân foel yn de kategory ‘Evenementen’. Lykas alle jierren, die Omrop Fryslân ek yn 2012 yn de trije wiken fan it Skûtsjesilen ferslach fan dat evenemint. De priis is foar in gearfetting fan de radio- en televyzje-útstjoerings yn dy trije wiken, mei wedstriidferslaggen, in deistige gearfetting en de live talkshow. “Liefde voor de sport, tradities en mooie beelden hebben de jury meegesleept in deze watersport”, sa sei de sjuery.
De NL-Awards binne de jierlikse ûnderskiedings foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. De prizen binne, lykas foargeande jierren, útrikt op de ROOS-dagen, it kongres fan alle regionale omroppen. Omrop Fryslân wie dit jier de omrop mei de measte nominaasjes foar de NL-Awards. De oare nominearren wiene: Need op Freed mei de bruorren en susters fan Marianne Vaatstra, Buro de Vries mei de rige ‘Friezen thús yn Sweden’ en de dokumintêre fan Fryslân DOK oer Anne Zernike. Yn totaal wienen der 23 radio- en televyzjeprogramma’s nominearre, ferdield oer de kategoryen Nijs, Eftergrûn, Faria, Eveneminten, Dokumintêre en Crossmediale Produksjes.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Margreet Hiemstra, gearstaller fan Hea!: 058-2997811 of 06-52335063. Of sjoch foar mear ynformaasje op www.nl-awards.nl.

