By útjouwerij Wijdemeer ut Ljouwert is in nije Fryske natoergids ferskynd fan Sake P. Roodbergen. De titel is Deiflinters en Libellen. Earder publisearre Roodbergen al gidskes oer Fûgels (2005) en Blommen (2013).
Omdat it by deiflinters en libellen giet om relatyf lytse oantallen, koenen alle soarten dy’t yn ús lân foarkomme opnommen wurde. In sadanich boekje yn de Fryske taal wie der noch net. Deiflinters en Libellen hat in wiidweidige Ynlieding foaryn, en slút ôf mei in Yndeks dêr’t alle Fryske, Hollânske en wittenskiplike nammen yn opnaam binne. In Literatuerlist – foar beide groepen ôfsûnderlik – ferwiist nei oare boeken. By it realisearjen fan dit boekje is gearwurke mei de Vlinderwerkgroep Friesland en mei de lanlike Vlinderstichting yn Wageningen.
Deiflinters en Libellen is útjûn troch Utjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert. It is deselde útjouwerij dy’t ek mandélich wie oan it Hollânsktalige boek Kieviten en Plevieren; Ljippen en Wilsters fan deselde skriuwer, dat yn maart 2013 ferskynde.
It earste eksimplaar wie foar direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea, dat it ferskinen fan it gidske stipe hat.
Omslach en lay-out fan it boekje waarden fersoarge troch Richard Bos fan Wergea. It boekje is yn elke boekhannel te keap. De priis is € 12,50.

