Iepenloftspul Snakkerbuorren De dame komt

Kaartferkeap útein setten, premjêre yn sicht

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet fan 25 juny oant en mei 5 july it stik ‘De dame komt’ fan Friedrich Dürrenmatt yn in Fryske bewurking fan Freark Dam. De regy is yn hannen fan Karin Idzenga en sy en har ploech spylje, lykas de foargeande seis edysjes, yn it smûke teater fan De Doarpstún op Snakkerbuorren.

Underwilens is de kaartferkeap útein setten en de sân foarstellings rinne geandewei fol. Mei de premjêre yn sicht, de earste foarstelling wurdt op 25 juny om 21.00 oere spile, wurdt der yn Snakkerbuorren hurd wurke oan de lêste tariedings. It dekôr mei in soad hûskes en in grut hotel is fierhinne klear, ljocht en lûd wurde opboud en de tún wurdt omtovere ta in plak, dêr’t it foar, tidens en nei de foarstellings noflik tahâlden is.

Fan ’t jier wurdt foar de earste kear gebrûk makke fan in fêst iepenloftteater. De ôfrûne moannen is hurd wurke om in tribune en in poadium te bouwen. It publyk dat by de premjêre oanwêzich is, sil dêrom in dûbele primeur belibje: net allinne de premjêre fan it stik, mar ek de fjoerdoop fan it teater.

‘De dame komt’ is in swarte komeedzje mei absurdistyske kanten. It fertelt it ferhaal fan in stedsje dat yn ferfal rekke is. De ynwenners reitsje hielendal út de skroeven at bliken docht dat in smoarrike âlde dame nei har berteplak werom komt mei yn har hântas ien miljard euro. Yn ruil foar dat miljard easket sy rjochtfeardigens. It ûnrjocht dat har ea oandien is yn dit plak wol se no rjochtsette.

‘De dame komt’ giet oer de macht fan it jild. As hebsucht it wint fan prinsipes, komme der mei in miljard yn it foarútsjoch ûnfoarsjoene krêften frij. Uteinlik liket it hast foar gjin ien mear mooglik om wjerstân te bieden oan it grutte jild.

‘De dame komt’ giet op tongersdei 25 juny yn de Doarpstún op Snakkerbuorren yn premjêre. De oare foarstellings binne op 27 en 28 juny en op 1, 2, 3, 4 en 5 july. Kaarten kostje € 16,00 it stik (bern o/m 12 jier betelje € 11,00) en binne te bestellen fia www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.