Bron: Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat by iepenbiere oanbestegings nei alle gedachten jierrenlang yn striid mei de regels hannele. Dat seit fraksjefoarsitter Hilde Tjeerdema fan D66 yn de Ljouwerter gemeenteried. De partij hat dêr in soad klachten oer krigen. Nei oanlieding dêrfan hat D66 boargemaster en wethâlders om opheldering frege.

