Bron: FNP Leeuwarden
Skriftlike fragen artikel 41, earste kêst, neffens Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne troch de FNP Fraksje Ljouwert op
tiisdei 21 juny 2016.
Acht kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders, Oangeande: oerlis jeugdsozen.
Ynlieding: Yn de eardere gemeente Boarnsterhim wie it gebrûklik om ien kear yn de 2 moannen oerlis te hawwen mei gemeente, plysje en jeugdsozen.
Jeugdsozen koene harren fragen kwyt by gemeente en plysje en dy kamen der sa efter wat der barde op de doarpen wer’t in jeugdsoos of oare jeugdaktiviteiten wiene.
Oer en wer in foarm fan kommunisearjen wer’t alle dielnimmende partijen baat by hiene.
Ek hawwe de (bar) frijwilligers in IVA sertifikaat nedich, dit waard yn it ferline ek regele troch de gemeente en der stie ek in fergoeding tsjinoer, nei 2014 is der ek neat mear foar regele, lykas de kursus Sosjale hygiëne, dy’t bestjoersleden ferplicht nedich hawwe. Dit ropt by de FNP fraksje Ljouwert de folgjende fragen op: Soe it kolleezje ús op de hichte bringe wolle fan de oerlizzen en de útkomsten derfan sûnt 2014 mei de jeugdsozen út foarmalich Boarnsterhim? Is it kolleezje mei ús fan miening dat soks dochs mei ienige regelmaat plakfine moat, om fragen dy’t der libje te dielen mei gemeente, plysje en jeugdsozen? En nei de takomst ta, nei 2018, as der noch mear doarpen bijkomme? Is it kolleezje ek fan doel om dit oerlis wer opnij libben yn te blazen, mei it doel om der efter te kommen hokker aktiviteiten der libje ûnder de jongerein fan it eardere Boarnsterhim Noard? De FNP fraksje is ek benijd hoe soks regele is mei de oare doarpen fan de gemeente Ljouwert, is der ek in foarm fan oerlis mei gemeente, plysje en jeugdsintra’s? Is it kolleezje ek fan doel om frijwilligers te stimulearjen om it IVA sertifikaat te folgjen en der ek in fergoeding tsjin oer te setten? Is der ek tafersjoch troch de gemeente en plysje dat jeugdsozen, jeugdsintra de nedige formuliteiten yn hûs hawwe sa as it IVA Sertifikaat en de Sosjale Hygiëne?
Graach soe de FNP Fraksje op koarte termyn graach antwurd hawwe wolle op ús stelde fragen Ut namme fan de FNP Fraksje
Lyda Veldstra-Lantinga

