Fan ’t simmer sil ‘Ventoux’, de bestseller fan Bert Wagendorp, yn in Fryske oersetting ferskine by Utjouwerij Regaad. De oersetting wurdt makke troch Martsje de Jong fan Bitgum, dy’t fan ’t hjerst ek al tekene hat foar Roald Dahl’s De GFR.
Bert Wagendorp is skriuwer en kollumnist/sjoernalist foar ‘de Volkskrant’. Syn bekendste boek is ‘Ventoux‘ (2013), dêr’t al mear as 200.000 eksimplaren fan ferkocht binne. It boek is ek al yn meardere talen oerset, en yn 2015 ek ferfilme. Yn in útstjoering fan Omrop Fryslân sei Wagendorp okkerwyks dat syn boek him faaks goed liene soe foar in oersetting yn it Frysk.
It boek ferskynt op freed 30 juny, de deis foar it begjin fan de Tour de France. De presintaasje sil wêze by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef yn Grins, de stêd dêr’t Wagendorp as studint mear as tsien jier wenne hat en syn earste literêre stappen set hat. ***persbericht*** ‘Ventoux’ in het Fries
Deze zomer verschijnt ‘Ventoux’, de bestseller van Bert Wagendorp, in een Friese vertaling bij Utjouwerij Regaad. De vertaling wordt vervaardigd door Martsje de Jong uit Beetgum, die afgelopen herfst ook al tekende voor Roald Dahl’s De GFR.
Bert Wagendorp is schrijver en columnist/journalist voor ‘de Volkskrant’. Zijn bekendste titel is ‘Ventoux’ (2013), waarvan al meer dan 200.000 exemplaren over de toonbank gingen. Het boek is al in meerdere talen vertaald, en werd in 2015 verfilmd. In een uitzending van Omrop Fryslân liet Wagendorp kortgeleden weten dat zijn boek zich wellicht erg goed zou lenen voor een Friese vertaling.
Het boek verschijnt op vrijdag 30 juni, daags voor de start van de Tour de France. De presentatie vindt plaats bij de Friese studentenvereniging FFJ Bernlef te Groningen, de stad waar Wagendorp als student meer dan tien jaar woonde en zijn eerste literaire stappen zette.

