Bron: FNP

Yn it Politike Poadium fan juster 15 jannewaris gie it oer de “Regionale Energie Transitie” en benammen oer de rjochting dy’t de gemeente Ljouwert ynslacht yn de perioade 2030-2050 om de gemeente yn 2050 frij fan fossile enerzjy te krijen. Dit jildt foar de beboude omjouwing.
Yn de hjerst fan 2017 hat de EFA (Europeeske Frije Alliânsje, wêr’t de FNP by oansletten is) in konferinsje oer enerzjy hân op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert,
Dêr waard in presintaasje hâlden oer de mooglikheid om ierdwaarmte te brûken om waarmte en elektrisiteit op te wekken as alternatyf foar de fossile enerzjyboarnen dy’t doe (en no) noch brûkt wurde.
It boppesteande kaartsje is dêr ek presintearre en it docht bliken dat Fryslân en dus ek Ljouwert as in kat op it spek fêstbûn binne oangeande de waarmte dy’t hjir by ús yn’e grûn oanwêzich is troch in âlde fulkaan tusken Flylân en Harns.
No’t Den Haach bepaald hat dat yn 2050 de beboude omjouwing frij wêze moat fan fossile enerzjy is it ek net mear dan logysk dat der ynstutsen wurde moat op de mooglikheden fan ús ierdwaarmte.
Yn Middenmeer stiet al in sintrale mar dy leveret allinnich mar waarmte omdat de ûndergrûn dêr lang sa waarm net is as by ús.
De FNP soe graach wolle dat Ljouwert in ûndersyk docht nei de mooglikheden fan ierdwaarmte, net allinnich foar waarmte mar ek foar elektrisiteit foar de ynwenners fan it hiele grûngebiet fan ús gemeente. Yslân en Unterhaching (SúdDútslân) binne ús al foargien yn it leverjen fan waarmte en elektrisiteit. It soe moai wêze as Ljouwert de pilot wurdt fan hiel Nederlân!
Ljouwert, 16 jannewaris 2020 Jan-Willem Tuininga fraksjefoarsitter
foto: Simon van der Woude in de Makro

