FNP: haal bouwplan Mantgum van tafel – Sicht op terpdoarp fersmoarget

Bron: FNP Leeuwarden

Onderwerp: Parseberjocht FNP Ljouwert: Set de plannen yn Mantgum stil!

Goeie minsken,

Hjirby in parseberjocht fan de FNP Ljouwert oer de bouplannen fan 12 wenten yn Mantgum.

Op 30 juli 2020 is de bestimmingsplanproseduere oangeande de bou fan 12 wenten yn Mantgum formeel opstarten troch de gemeente Ljouwert. De fraksje fan de FNP Ljouwert hat hjir tsientallen brieven oer krigen wêrút blykt dat de ynwenners lilk en fernuvere binne oer de gong fan saken oangeande dit projekt.

It CPO (Colectief Particulier Opdrachtgeverschap) Mantgum 2.0 en de Gemeente Ljouwert binne yn harren eagen alle útgongspunen en winsken dy, t opnommen binne yn de doarps fyzje 2015-2020 foarby gien. Ek strookt it lang net mei de wenenkête út 2013-2014 dy’t op ‘e nij soe plakfine mar nea west hat. En is de lokaasje soarchlik te neamen foar it karakter foar it terpdoarp.

Inkele útgongspunten wiene: fan ûnderop sykje nei in goeie lokaasje, draagflak fanút it doarp, bouwe nei ferlet fanút it doarp. Hjir is yn ús eagen neat fan útfierd as wy de brieven lêze!

Wy as fraksje fan de FNP Ljouwert binne dan ek fan miening dat dit hiele projekt yn Mantgum werom nei de skriuwtafel moat en om te begjinnen earst mei de ynwenners fan Mantgum praat wurde moat oer de winsken dy’t der lizze, en in lokaasje te sykjen dy’t sicht op dit terpdoarp net fersmoarget.

At it nedich is sille wy as fraksje yn de earst folgendje riedsgearkomste mei in moasje komme om it foarûntwerp bestimmingsplan Mantgum fan tafel te krijen.

Foar fragen kinne jimme altyd efkes belje fansels.

Mei groetnis, Hinke Roorda Wurdfierder Mantgum Fraksjeassistinte FNP Ljouwert

foto: Harrie Muis

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.