Bron: Omrop Fryslân
Foto: KP

Stichting FB Oranjewoud nimt grutte risiko’s mei miljoene-erfenis Friesland Bank
Stichting FB Oranjewoud is as erfgenaam fan de Friesland Bank ien fan de rykste fermogensbehearders yn it Noarden. Yn 2012 krige it 126 miljoen euro om yn kultuer en aktiviteiten yn it Noarden te stekken. Mar it is net dúdlik hoefolle jild der noch is en wat de ideeën efter de ynvestearringen binne. It behear fan miljoenen leit yn hannen fan trije manlju: ûnder harren rezjym wurdt FB Oranjewoud hieltyd mear in risikofolle ynvestearder en fêstgoedûndernimmer.
Lees ook: Stoeien met miljoenen bij FB Oranjewoud

