FNP: Rommere terrassen ek yn 2022

Bron: FNP

Lwdn.SvdW.210604-0563
Foto: Simon van der Woude

De 1.5 meter rigel is ôfrûne wyke net mear fan tapassing op de measte plakken yn Nederlân.

De 1.5 meter rigel wie ien fan de redenen om ek yn de gemeente Ljouwert it mooglik te meitsjen foar de measte horeka de terrassen te feromjen. De Fraksje fan de FNPLjouwert hat fernommen dat yn meardere gemeenten yn Nederlân de rommere terrassen ek foar in diel yn 2022 yn stân blieuwe om de besyker fan de horeka en de ûndernimmer mear romte te jaan om sa foar in feiligere situaasje te soargjen

Guon gemeenten hawwe besletten de ferromming oant ein 2021 ta te stean mar ek gemeenten hawwe no al besletten dit ek foar in diel yn 2022 ta te litten.

De Fraksje fan de FNP Ljouwert is fan miening dat nettsjinsteande it ôfskaffen fan de 1.5 meter rigel rommere terrassen foareast bydrage sille oan in feiligere situaasje foar sawol de klant as de ûndernimmer. Ek de “Koninklijke Horeca Nederland (KHN) advisearret de nederlânske gemeenten de kommende tiid mear romte te bieden om te ûndernimmen en dat kin troch de terrassen rommer te hâlden.

Fraach: Is it kolleezje fan Ljouwert it iens mei boppesteande? Sa ja wol it kolleezje dan besykje de rommere terrassen minimaal oant de simmer fan 2022 yn stân te hâlden? Sa nee, werom wol it kolleezje dit net.

Groetnis, Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.