Stiens is klaar voor de winter – Der is sels sprutsen oer nije ekstra waarme jassen foar de karmasters

Justerjûn hawwe wy as karmasters en starter fan de Keninklike Iisklub Stiens mei-inoar mei it bestjoer geweldich moaie preast dien op it nije jier. Fansels hawwe wy de hjoeddeistige winter situaasje yn Skandinavië besprutsen en of dit ek wurklikheid by ús yn Stiens soe wurde kinne?, dy fansels foar in dikke iisflier soargje kin! By de earste alkoholyske fersnapering like dit fan net, mar nei manichich “sprekwetter” like in senario foar in mooglike “horrorwinter” wol deeglik oanwêzich te wêzen. Der is sels sprutsen oer nije ekstra waarme jassen foar de karmasters dy’t dizze kommende “horrorwinter” de iisbaan snie frei 🌨️ hâlde moatte. Fannemoarn doe’t ik mei myn brochje en kopke thee nei it nijs op de radio harke, wie ik fan tinken dat wy justerjûn miskien wat oerdreun hawwe, wert dat oan lein hat soe ik sa net witte Yn elts gefal binne wy klear foar de kommende winterperioade (mocht dizze komme😉)

Groetnis, Haadkarmaster Keninklike Iisklub Stiens Jan-Willem Tuininga

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.