Bron: FNP
F NP Ljouwert | Skriftlike fragen oangeande oerlêst yn Camminghaburen.
Skriftlike fragen fan FNP Ljouwert nei oerlêst yn Camminghaburen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42,
earste lid fan it reglemint fan oarder fan gemeente Ljouwert.
05-12-2023
Oerlêst yn Camminghaburen
De FNP hat út de Ljouwerter Krante en fan omwenjenden fernommen dat de oerlêst fan hingjongeren en swalkôffal grut is. De gemeente hat hjir in jûn foar organisearre foar de ynwenners fan de wyk. Dat is in positive earste stap, dochs is de FNP der net gerêst op hoe dit in ferfolg krijt. Dit spilet al jierren en der is (sa blykt út de reaksjes) net folle feroare.
Dêrom hat FNP Ljouwert de folgjende fragen:
1. De gemeente jout oan dat der op’t stuid mear tafersjoch fan de plysje is en dat dit sichtber de oerlést ferminderet, mar tagelyk is it in gegeven dat de plysje te min man/froukracht op strjitte hat. Hoe wol de gemeente dit benammen de kommende moannen hanthavenje?
2. Binne de jongerein dy’t de oerlêst feroarsaakje, by de gemeente bekend en komme se út dizze wyk?
3. Is de gemeente mei dizze jongeren yn gesprek?
4. Der is in wykbewenner dy’t him oanbean hat om as ”buurtvader” op te treden, om sa mei de jongeren yn kontakt te kommen. Wat docht de gemeente hjirmei?
5. Ien fan de oanwêzige bewenners oppere dat der feitlik in konkreet stappeplan komme moat wêryn ôfspraken makke wurde kinne dy’t letter dan evaluerre wurde kinne. Is de gemeente fan doel hjirmei oan de slach te gean?
6. Wol de gemeente nei oanlieding fan dizze jûn, yn oarre wiken ek sa’n jûn organisearje, om it breder te lûken en strukturiel hjir oandacht en oplossings te sykjen?
FNP Ljouwert sjocht op koarte termyn graach de antwurden fan it kolleezje temjitte.
Hinke Roorda Riedslid FNP Ljouwert

