De deikoersen fan Remco no yn ’e boekhannel

Cover deikoersen
Cover deikoersen

De deikoersen fan Remco no te keap yn ’e boekhannel

It nije jeugdboek fan Bart Kingma De deikoersen fan Remco dat skreaun is yn it ferlingde fan de suksesfolle jeugdsearje De Koers fan Omrop Fryslân, leit no yn de boekhannels. It boek waard spesjaal makke foar it ‘LêsNo’ projekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Troch it enoarme sukses fan de searje en it boek by de skoallen wie de folsleine earste printinge fan 3000 eksimplaren al gau útferkocht. Underwilens is in twadde printinge fan De deikoersen fan Remco ferskynd en is it boek no ek beskikber foar de partikuliere merk.

Ynhâld boek

It boek giet oer Remco Heeringa (14) dy’t profesjoneel hurdfytser wurde wol. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan bart der in slim ûngelok en liket Remco’s dream yn reek op te gean. Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben?

Boekgegevens

Bart Kingma, De deikoersen fan Remco Utfiering: paperback Siden: 88 Ferkeappriis: € 8,50 ISBN:9789492176141 Afûk, Ljouwert 2015 www.afuk.nl

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.