Ferkiezingsprogramma Plan B yn it Frysk publisearre
Amsterdam, 20 febrewaris 2017 – De Partij foar de Dieren hat har ferkiezingsprogramma Plan B no ek yn it Frysk lansearre. De partij fynt it wichtich dat har stânpunten ek yn ’e twadde Rykstaal te lêzen binne.
“Likernôch 80 prosint fan ’e 650.000 Friezen lêst it Frysk frij aardich oant hiel goed. In soad fan harren kiest foar ynformaasjefoarsjenning yn ’e eigen Fryske taal boppe it Nederlânsk. Dêrom ha wy ús programma ek yn it Frysk oersette litten”, seit kampanjelieder Lieke Keller.
“Alle kiezers moatte harren ferdjipje kinne yn ’e stânpunten fan ’e partij om op 15 maart in goed trochtochte kar meitsje te kinnen. Dêrom ha wy neist in harkferzje, in mobile ferzje, in Ingelske ferzje en in ferzje yn ienfâldige taal no ek in Fryske ferzje fan ús ferkiezingsprogramma Plan B publisearre”, ljochtet Keller ta.
‘Ferkiezingsprogramma Partij foar de Dieren Twadde Keamerferkiezings 2017’ is te finen op www.partijvoordedieren.nl.
Fryske fertsjintwurdiging
Fryslân is op it stimbiljet fan ’e Partij foar de Dieren fertsjintwurdige troch Rinie van der Zanden, fraksjefoarsitter fan ’e Provinsjale Steatefraksje yn Fryslân. Sy is werom te finen op plak 26. De Fryske skriuwster Annemarie Postma is listtriuwer foar de partij.
Thieme yn Ljouwert
Moandeitejûn 20 febrewaris binne listlûker Marianne Thieme en listtriuwer Ewald Engelen yn Ljouwert om in lêzing te jaan oer harren nije boek De kanarie in de kolenmijn. De seal yn it Post Plaza Hotel oan ’e Twabaksmerk sit stiiffol, oanmelde is spitigernôch net mear mooglik.

