FNP: Goed mis, Botte Jellema!

Hoe is it mooglik, dat in betûft kollumnist fan Omrop Fryslân de planke sa misslacht!

De FNP hat mei fernuvering de kollum fan Botte Jellema heard en lêzen; dy ‘t hjoed ek op’ e side fan Omrop Fryslân stiet. As sjoernalist in kollum skriuwe oer wichtige saken yn in doarp (yn dit gefal Mantgum) dan liket it my ta, dat je je wol op ‘e hichte stelle moatte fan de aktuele situaasje. It is dúdlik, dat Botte Jellema dat net dien hat. No mei in kollumnist himsels wol wat romte jaan, mar dan moatte je gjin ûnwierheden fertelle of guon Mantgumers negatyf delsette. Dat docht er wol en dêrmei giet hy as sjoernalist wol oer in grins.

Wat spilet der dan?

Mantgum is in moai doarp, dêr ‘ t de minsken graach wenje. Dat fynt de âlderein, mar dat wol ek de jongerein. It hat fan âlds altyd in hechte mienskip west en dat is hjoeddedei noch sa.

Dat der no yn Mantgum ferskillend reageard wurdt op in plan fan it CPO om 12 nije wenten te bouwen, dat is op himsels neat nijs. Elkenien komt foar syn eigen belang op.

Sa binne der foar- en tsjinstanners fan de nije plannen fan it CPO, elk mei eigen ûnderbouwing. Politike partijen prate mei beide om goede argumenten te sammeljen om letter dit jier hjiroer in goed beslút yn de gemeenteried nimme te kinnen. Neffens Botte Jellema soe de FNP by de tsjinstanners hearre. Mis Jellema, de FNP is foar it bouwen op de doarpen en is boppedat in partij, dy ‘t inisjativen fan ûnderen op graach stipet.

De goed gearstalde doarpsfyzje, dy ‘t yn oerlis mei de Mantgumers fan ûnderen op oannaam is, jout oan dat der grut ferlet is fan senioarewenten en fan starterswenten foar de jongerein. En krekt troch dit CPOplan, dêr ‘t ferskate jonge minsken út Mantgum foar yntekene ha, komme der starterswenningen frij. Sa komt der trochstreaming yn it doarp.

Yn dy doarpsfyzje past dit plan hiel goed en “Doarpsmienskip Mantgum”is dan ek posityf oer dit plan. Hoewol ‘t de tsjinstanners it oars sizze.

De FNP is troch ferskate minsken en belutsenen, dy ‘ t hjir soargen oer ha, benadere. Nei oanlieding fan dy petearen, hat de FNP yn augustus frege om efkes in ‘pas op de plaats’ te meitsjen om de proseduere goed ferrinne te litten. Mar dat wol net sizze, dat de FNP dêrmei in tsjinstanner is!

De FNP wol, dat der boud wurdt nei aard, skaal en karakter en dat soks soarchfâldich troch de gemeente Ljouwert begelaat wurdt. Der is no sa njonkelytsen al hiel wat yn gong setten en der hat in goeie presintaasje fan it CPOplan west, dêr ‘t in soad fragen steld binne en ek in protte antwurden dúdlik makke ha, wat it plan krekt ynhâldt.

Wy wolle hjir mei klam sizze, oars as Jellema beweart, dat de FNP wol posityf is oer it plan. Der is by de planûntwikkeling rekken holden mei de útgongpunten fan de doarpsfyzje. Wy fine it doarpsoansicht fan de dyk ôf ek in wichtich punt fan oandacht en dêr is yn dit plan gelokkich oandacht foar.

De FNP hat sjoen, dat de proseduere oant no ta helder en transparant delsetten is. Miskommunikaasje en foute ynformaasje oer sa ‘n gefoelige kwestje yn in doarp, dêr hat net ien wat oan!. Dan is it as oalje op it fjoer! Spitich, dat sa ‘n kollum sa wurket! It giet ús om ús mienskip, in wichtich útgongspunt foar de FNP.

Foar de FNP Ljouwert,

Jan Willem Tuininga (fraksjefoarsitter) Hinke Roorda(stipefraksje)

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.