FNP schrikt van plan voor 48 waterwoningen bij Grou

Bron: FNP

Skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn art. 41, earste lid, fan it “reglement fan oarder “ fan de Gemeenteried fan de Gemeente Ljouwert.

Ûnderwerp: Plannen foar lúkse wetterwenten yn Grou. 12 maaie 2020.

Acht kolleezje,

De FNP Fraksje Ljouwert is hjoed oerfallen troch de berjochtjouwing op de Grouster, dat der plannen binne foar de bou fan 48 lúkse (wetter) wenten ten Noarden fan Grou. Frjemd dat wy as FNP Fraksje dit fia de Grouster fernimme moatte en wy hjir net yn in earder stadium troch de Gemeente sels oer ynformearre binne.

Neffens de Grouster lizze der konkrete plannen foar de bou fan 48 wetter filla’s ten noarden fan Wetterpark Yn é Lijte by Grou.

It terrein wêrop de wenten foarsjoen binne, is 25 hektare en is no noch yn gebrûk as agraryske grûn. Fragen: 1. Wêrom moatte wy dit nijs fia de Grouster fernimme? En hoe komt de Grouster oan dizze ynformaasje? 2. Wat is de reden dat it kolleezje de gemeenteried net op de hichte brocht hat fan dizze konkrete plannen? 3. Binne de plannen bekend by Pleatslik Belang yn Grou? Op 30 maart 2020, is der in brief fan Pleatslik Belang Grou en de Business Club kommen, wêryn beide groepen harren ôffreegje wat de fisy is foar Grou, Pleatslik Belang en de Business Club hawwe besletten om te starten mei it ûntwikkeljen fan in breed droegen Fisy en dit graach yn gearwurking met it kolleezje dogge om in mienskiplike fisy te ûntwikkeljen. Is it kolleezje ree om hjir yn gearwurking oan mei te wurkjen? 4. Is der wol ferlet fan 48 wenten foar rekreatyf gebrûk? 5. Binne de wenten foar permaninte of rekreative bewenning? 6. Is it kolleezje net mei de FNP fan miening dat de kostbere agraryske grûn yn it Leechlân ten koste giet fan de plannen? 7. Yn de eardere Gemeente Boarnsterhim binne der yn it ferline folle faker plannen west om wenten te bouwen yn Grou Noard, der wie doe altiten ferset tsjin wentebou op dizze lokaasje, tinkt it kolleezje net dat der by it trochgean fan dizze nije plannen der in protte beswieren komme fan de Grousters? 8. Hoe komme dizze plannen nei de gemeenteried ta, m.o.w. Is hjir noch in riedsbeslút foar nedich of is dit it foech fan it kolleezje?

Wy soenen graach op koarte termyn antwurd hawwe wolle op ús fragen.

FNP Fraksje Ljouwert Lyda Veldstra-Lantinga

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.