Persbericht: FNP
FNP: tempo mei opknappen dyk Wytgaard-Reduzum
De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat it wurk oan ‘e dyk tusken Wytgaard en Reduzum gau ôfmakke wurdt. Al moannenlang is de boppeste laach fan ‘e dyk ôf en leveret dat grutte oerlêst op foar de brûkers fan ‘e dyk en omwenjenden. Minsken ride kilometers om (oer de A32), bedriuwen binne min berikber en der binne klachten oer kommunikaasje en feiligens.
De FNP wol no dat de gemeente rap yn aksje komt. De oannimmer moat oanstjoerd wurde om it wurk dien te meitsjen. Dêrby moat de gemeente better as by it begjin oan ynwenners en brûkers útlizze wat te ferwachtsjen is. Boppedat moatte bedriuwen berikber bliuwe en de feiligens fan alle ferkearsdielnimmers garandearre wêze.
FNP: tempo met opknappen weg Wytgaard-Reduzum
De FNP-fractie in de gemeenteraad van Leeuwarden wil dat het werk aan de weg tussen Wytgaard en Reduzum zo snel mogelijk wordt afgemaakt. Al maandenlang is de bovenste laag van de weg af en dit levert behoorlijk wat overlast op voor de gebruikers van de weg en omwonenden. Mensen rijden kilometers om (over de A32), bedrijven zijn slecht bereikbaar en er zijn klachten over communicatie en veiligheid.
De FNP wil nu dat de gemeente snel in actie komt. De aannemer moet worden aangestuurd om het werk af te maken. Daarbij moet de gemeente beter dan in het begin aan de bewoners en weggebruikers uitleggen wat er zoal te verwachten is. Bovendien moeten bedrijven bereikbaar blijven en de veiligheid van alle verkeersdeelnemers gegarandeerd zijn.
De vragen staan hieronder integraal opgenomen.
Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert
Ljouwert, 20 jannewaris 2011
Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it let opleverjen fan it wurk oan de dyk Wytgaard-Reduzum
Rju achte Kolleezje,
Ynlieding
Al moannenlang (sûnt novimber) leit de dyk tusken Wytgaard en Reduzum iepen. It boppeste tarredek is der ·fskrabe, der binne op guon plakken grutte gatten en it is in ûnoersichtlike situaasje. Oan de sydkanten fan ‘e dyk lizze hjir en dêr grutte bulten mei stiennen, grún of oar materiaal.
Foar de bewenners fan Wytgaard en Reduzum leveret dat frij grutte oerlêst op. Guon bedriuwen yn Wytgaard binne min berikber, de snelheid moat matige wurde en it riden sels is net noflik. In soad minsken ride dêrtroch kilometers om. It wie de bedoeling om yn relatyf koarte tiid (neffens ús sawat 2 wiken) it wurk dien te meitsjen. Lykwols, nei it ynfallen fan ‘e winter is der hielendal neat mear dien.
Kommunikaasje
De kommunikaasje yn it begjin wie net goed. Pas op fersyk fan ‘e bewenners binne brieven ferspraat nei ynwenners en bedriuwen oan ‘e rûte. It like der op dat guon ûndernimmers tusken Wytgaard en Reduzum hast ûnberikber wurde soenen. Pas nei tillefoantsjes fan ‘e kant fan de minsken sels is oanjûn dat bedriuwen wol berikber binne.
Ferkearsfeiligens
Doe’t it wurk úteinsette (ein novimber) wie de dyk wol ôfsetten, mar pleatslik ferkear wie (fansels) noch al mooglik. Dat hat lykwols ta tige gefaarlike situaasjes laat, om’t auto’s op it fytspaad begûnen te riden. It paad dêr’t (ûnder oare) ek in soad bern ride dy’t nei skoalle ta geane.
Tempo
De FNP hat der begryp foar dat op in bepaald stuit by it ynfallen fan ‘e winter mei snie en iis it wurk stillein is. Lykwols, it is no al wer in 14 dagen teiwaar en wy hienen ferwachte dat it wurk doe daliks oppakt wurde soe sadat de oerlêst, ferkearshinder en it omriden foar de ynwenners gau wer te’n ein komme soe. De FNP is fan miening dat de gemeente de saak sloere litten hat en fierstente let yn aksje komt. Wy fersykje it Kolleezje om no sa gau mooglik de wurksumheden wer op te pakken en dêrby each te hawwen foar kommunikaasje en ferkearsfeiligens.
Dêrom hat de FNP de neikommende fragen:
Binne jim it mei de FNP iens dat de wurksumheden daliks nei it ôfrinnen fan ‘e froastperioade opkrigen wurde moatten hienen? Sa nee, hokker redenen wienen der om sa lang te wachtsjen?
Wannear sille jim úteinsette en wannear is de ferwachte opleverdatum?
De kâns is oanwêzich dat asfaltearwurk oan ‘e diken midden yn ‘e winterperioade fiks útrinne kin yn ferbân mei ynfallende froast en snie. Mei in soad ekstra oerlêst en hinder foar weigebr·kers. Hokker belied is der oangeande wurksumheden midden yn ‘e winterperioade?
Wat sille jim dwaan om diskear de ferkearsfeiligens fan brûkers fan it fytspaad better te garandearjen en de kommunikaasje te ferbetterjen?
Wy geane der fan ’t dat it Kolleezje ús fragen binnen de dêrfoar jildende termyn fan 30 dagen skriftlik beäntwurdet.
Mei rju achtinge,
Pier Tilma, FNP-fraksje

