Gjin wite flekken mear foar de FUMO: OWO slút oan

Bron: Provincie Fryslân

De OWO-gemeenten Oost-Stellingwerf, West-Stellingwerf en Opsterlân slute harren oan by de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO). Dit jildt ek foar gemeente Súdwest-Fryslân. Hjirmei stimden Deputearre Steaten dizze wike yn.

Ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer: “Prachtich om de rezjyopdracht, dy’t de provinsje fan it Ryk krige, ôf te sluten mei dit nijs. Alle gemeenten binne oansluten en hjirmei is de FUMO kompleet. Ik draach myn taken dan ek mei in gerêst hert oer oan it Deistich Bestjoer”.

Wite flekken

De OWO-gemeenten waarden oant it lêtste momint ta noch oanmerkt as ‘wite flekken’. Dit om’t de buergemeenten harren net konfirmearje woene oan de mienskiplike regeling. It is net mooglik om tsjinsten fan de miljeuorgansaasje ôf te nimmen sûnder oan dizze regeling mei te dwaan. Dêrom binne de gemeenten dochs oanheakke. Súdwest-Fryslân slút no pas oan om’t de riedsaginda it net earder taliet. Mar ek om’t oansluten by de mienskiplike regeling allinnich jierliks mooglik is.

Riedsbeslút

Offisjeel moatte de kolleezjes fan B&W harren rieden noch foarstelle om oan te heakjen by de FUMO. De ferwachting is dat dit net foar swirrichheden soarget.

FUMO yn bedriuw

De FUMO sette op 6 jannewaris 2014 útein yn it eardere gemeentehûs fan Boarnsterhim yn Grou. De organisaasje fiert miljeutaken út op it mêd fan fergunningferliening, hanthavening en tafersjoch. Mear ynformaasje oer dizze útfieringsorganisaasje stiet op www.fumo.nl.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring