Bron: FNP

Binnen de fraksje fan FNP Ljouwert sil ein dit jier in feroaring plak hawwe. Riedslid Janneke de Boer (Weidum) nimt nammentlik tidens de riedsgearkomste fan 20 desimber foarearst ôfskied fan har rol as gemeenteriedslid. Har priveelibben is op ’t stuit dreech te kombinearjen mei de drokke aginda fan it riedswurk binnen gemeente Ljouwert. Dochs wol sy graach belutsen bliuwe en har ynsetten bliuwe foar de mienskip. Binnen de fraksje fan FNP Ljouwert is dan ek nei in oplossing socht, sadwaande sil har opfolger Bauke Beert Keizer (Koarnjum) har plak yn de Ljouwerter gemeenteried oernimme en docht Janneke sels in stapke tebek nei de skaadfraksje fan FNP Ljouwert.
Janneke oer dizze stap: “De drokke aginda fan in riedslid is binnen in ûndernimmend, jong gesin dreech te kombinearjen. In húshâlden, bern yn de bloei fan harren libben, in fêste baan, wurkje as ZZP’er, in ûndernimmende man en in drok libben as frijwilliger yn ús doarp Weidum soargje derfoar dat ik op dít stuit it riedswurk net langer kombinearje kin mei myn priveelibben.
Gelokkich hoech ik gjin noed te hawwen oer myn opfolger. Dy opfolger sit fol passy en hat bot nocht oan it riedswurk. Ik bin dan ek bliid dat hy my ferfange sil, en dat ik dêrmei syn plak yn de skaadfraksje opfolje kin en mei. Ik bin tankber dat de fraksje fan FNP Ljouwert my dizze kâns jout om in stapke werom te dwaan te kinnen.”

