Bron: Arjen Hut
RIGHT HERE WAITING
Justerjûn wie ik by IepenUp Live mei as tema ‘Had Marx gelijk’. Siet oan tafel by jongelju fan de JOVD. Dy wiene foaral mei reade hollen op it bankje oan it wibeljen. In famke tsjin my oer like op Wiske (fan Suske) en seach faak op har mobyltsje. Mei muzikant Sido Martens hie ik it yn’t foarren even oer The Dutch Disease en by syn muzikale yntermezzo die bliken dat it allegeduerigen slimmer wurdt. Hy hie amper in akkoard spile, of minsken krigen de mobyltsjes derby, begûnen lûdop te keuveljen, rûnen massaal nei de bar of nei bûten, foar in sigret.
Line siet yn it panel, mar de panelleden hiene net safolle tiid om wat te sizzen. Twa fan har sieten by de SP, dy hiene ferkiezingstaal. It publyk krige wol in soad romte. In frou út Venezuela wie sjokkeard dat minsken noch kommunistysk wêze koene, minsken yn in frij lân nota bene. Sa redenearre elkenien fan út syn eigen wrâld. (Sels wit ik mear fan Richard Marx dan fan Karl.) Nei ôfrin waard der dochs in soad neipraten. Sido spile de Ynternasjonale. Ate de Jong wist dat Pyt Jon Sikkema dy yn it Frysk oersetten hat. Line kaam pas om healwei twaën thús. Ik ha net mear wachte. (foto’s komme fan de IepenUp facebookside)

