Reduzum schrikt van komst 2840 geiten

Bron: FNP

1. Hat it Kolleezje kennis nommen fan it berjocht yn de Ljouwerter Krante (13 maart) dat it beslút fan kolleezje fan gemeente Ljouwert dat in miljeu-effektrapportaazje net nedich is foar it omskeakeljen fan 475 kij nei 2840 geiten foar boer Boonstra yn Reduzum ûnder de ynwenners fan it doarp Reduzum foar ûnrêst soarget?

2. Troch de situaasje (fanwegen corona-maatregels) hat der oant no ta gjin ynformaasje- of ynsprekgearkomste plakfine kinnen dêr’t minsken (omwenjenden) harren fragen stelle kinne oer it inisjatyf foar in geitehâlderij. Is it Kolleezje fan B&W, mei it each op de ûntstiene ûnrêst yn it doarp, ree om te befoarderjen dat der yn alle gefallen op koarte termyn in digitale sessy organisearre wurde kin?

3. Kin it Kolleezje ek taljochtsje werom yn it miljeu-effektrapportaazje oangeande it inisjatyf foar de geitehâlderij stelt dat der “momenteel geen concreet toepasbaar objectief toetsingskader bestaat en geen algemeen aanvaarde wetenschappelijke inzichten zijn om aan te toetsen” en derop dan beslút dat “de wijziging van de inrichting naar een geitenhouderij geen extra risico’s voor de volksgezondheid” met zich meebrengt wilens ûndersyk noch geande is

4. Ut in earder VGO3 ûndersyk (onderzoek veehouderij en gezondheid omwonenden) docht bliken dat minsken dy binnen twa kilometer ôfstân wenje fan in geitehâlderij gemiddeld 25% hegere kâns hawwe op longontstekking dan minsken dy’t fierder fuort wenje. GGD en RIVM sizze derby ek dat bewenning yn in straal fan 1,5 kilometer by geitehâlderijen net winsklik is. Is it Kolleezje ree om de GGD Fryslân of in oare ynstânsje dy’t dat beoardiele kin te freegjen oft in geitehâlderij op dat plak by it doarp Reduzum út sûnens eachpunt op dit momint ferstannich is?

5. Ofrûne wike wie yn it nijs dat it ferfolchûndersyk nei de mooglike gearhing tusken geiten en en longûntstekking troch de korona-maatregels fertrage is. De resultaten komme no pas ein 2024, skriuwe minister Carola Schouten (lânbou) en Tamara van Ark (Medyske soarch). Watfoar konsekwinsjes lûke B&W út dit nijs, yn ferbân mei it ‘voorzorgsprincipe’ foar de folkssûnens?

6. Boer Boonstra yn Reduzum sels jout oan ek gebrûk te meitsje sillen fan saneamde ‘luchtwassers’ dy de loft út de stal skjin meitsje moat.1 Dit soe de bêst mooglik beskikber technyk wêze om de mooglike sûnensrisiko’s te beheinen. Kin it Kolleezje by fierdere beslútfoarming oangeande geitehâlderijen los fan it foarsoarch prinsipe hjirby ek sjen nei de betrouberheid fan saneamde ‘luchtwassers’ dy’t der foar soargje moatte dat der sa min mooglik negatyf effekt is fan in geitehâlderij foar de sûnens fan omwenners? Dit mei it each op ûndersyk wêr út bliken docht dat dit hielendal net betrouber is.2

1 https://www.reduzum.com/actueel/ingezonden/ 2 Mobilisation for the Environment – Stikstof actueel Rapport ‘Evaluatie geurverwijdering door luchtwassystemen bij stallen deel 2’ | Rapport | Rijksoverheid.nl

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.