Sobere programmering Omrop Fryslân

Bron: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân komt dizze hjerst mei in folslein nije programmearring. Op tillevyzje ferdwine fjouwer programma’s: Boppeslach, De K-rûte, Need Op Freed en Klipkar+. Hjoed, It Waar en Hea! bliuwe bestean. Yn de twadde healoere komt in magazine, wêryn’t romte is foar sport, kultuer en oare saken dy’t yn Fryslân spylje.

Op de radio ferdwine de programma’s Omnium, Dat Wie Doe, Muzyk Maskelyn, Jazzkafee Wijnbergen, Fersykplaten en De Dei Foarby. Muzyk yn Bedriuw en Omrop Fryslân Aktueel tusken de middei wurde in oere langer.

De nije programmearring is in direkt gefolch fan de besunigingen fan Omrop Fryslân. Hoe’t de programma’s der krekt út komme te sjen, wurdt yn de kommende moannen útwurke. De nije programmearring begjint op moandei 23 septimber.

+++++++++++++++++++++++++++++++++++++

Fernijing programmearring by Omrop Fryslân

Oansluting by útkomsten Kommisje Hoekstra Omrop Fryslân is dwaande mei in grutte fernijingsslach yn de programmearring op radio en televyzje. Oanlieding foar de feroarings binne de besunigings dy’t Omrop Fryslân op it stuit trochfiert en de politike ûntwikkelings op it mêd fan de media. Mei de nije programmearring, dy’t yn septimber yngiet, wol de Omrop in sa breed mooglik oanbod oan kwalitatyf heechweardige programma’s en ûnderwerpen oanbieden bliuwe oan it publyk yn Fryslân. Dat slút ek oan op it advys fan de Kommisje Hoekstra dat hjoed presintearre is.

De grutste feroarings fine plak yn de televyzjeprogrammearring, benammen yn it twadde heal oere. Yn dat heal oere sil fan moandei oant en mei freed in magazine útstjoerd wurde mei aktuele reportaazjes, gasten en debat. Der wurdt in ferskaat oan ûnderwerpen yn behannele, fan polityk en ekonomy oant sport, kultuer en muzyk. Fan de besteande programmearring yn it twadde heal oere komme de folgjende programma’s nei septimber net werom: Boppeslach, K-rûte, Klipkar+ en Need op Freed. De programmearring yn it earste heal oere mei Hjoed, It Waar en Hea! wurdt net oanpast. Hjoed wurdt fan ein septimber ôf sân dagen yn de wike útstjoerd, op snein komt der in ekstra edysje. Sawol op snein as op sneon sil Hjoed útstjoerd wurde as in koarte edysje sûnder presintator. Foar de programma’s dy’t ek op de lânlike televyzje te sjen binne; de skoaltelevyzjeprogramma’s en de dokumintêres fan Fryslân DOK, binne der gjin grutte feroarings.

Op de radio troch de wike komt ek in nije ynfolling mei in langer programma tusken de middei. Yn dat aktuele programma komme nijsûnderwerpen en eftergrûnreportaazjes foarby. Dat betsjut dat it eftergrûnprogramma Omnium, dat no tusken 11:00 en 12:00 oere útstjoerd wurdt, ferdwynt. De moarnsprogrammearring bliuwt fierders bestean út de programma’s Omrop Fryslân Aktueel en Muzyk yn Bedriuw. Middeis en jûns bliuwt de programmearring bestean út Noardewyn, Omrop Fryslân Aktueel en Radio Froskepôle. Noardewyn sil dêrby wol in oere koarter wêze. Jûns nei Froskepôle wurdt De Jûn fan Fryslân útstjoerd, it programma De Dei Foarby ferdwynt. Yn it wykein ferdwine de folgjende programma’s: Jazzkafee Wijnbergen, Fersykplaten, Datwiedoe en Muzyk Maskelyn. Middeis sil it programma op sneon en snein yn grutte halen itselde wurde mei in kombinaasje fan sport, muzyk en amusemint. De kopermuzyk dy’t oars yn Muzyk Maskelyn útstjoerd waard, sil no benammen te hearren wêze fia it Koperkanaal, dat sneintemoarn op de radio te hearren is en 24 oeren deis ek op ynternet.

De feroarings yn de programmearring binne nedich omdat Omrop Fryslân bot besunigje moat fanwege in fermindering fan subsydzjes en ynkomsten en dêrneist hegere kosten. Tagelyk wol de Omrop in sa breed mooglik oanbod oan kwalitatyf heechweardige programma’s en ûnderwerpen oanbieden bliuwe. Dat slút oan by it advys fan de Kommisje Hoekstra. Neffens de kommisje freget de bysûndere posysje fan it Frysk ek om in bysûnder belied foar it media-oanbod foar it Fryske publyk. Dat soe it bêste regele wurde kinne yn de mediawet. De kommisje pleitet foar in folweardich programma-oanbod yn de Fryske taal, dat deistich beskikber is op ferskate platfoarms, en in eigen regiodekkende stjoerder foar de Frysktalige programmearring. Mei de fernijing fan de programmearring wol Omrop Fryslân op it rapport fan de kommisje ynspylje.

PERSBERICHT 2 april 2013

Vernieuwing programmering bij Omrop Fryslân Aansluiting bij uitkomsten Commissie Hoekstra

Omrop Fryslân is bezig met een grote vernieuwingsslag in de programmering op radio en televisie. Aanleiding voor de veranderingen zijn de bezuinigingen die Omrop Fryslân op dit moment doorvoert en de politieke ontwikkelingen op het gebied van de media. Met de nieuwe programmering, die in september ingaat, wil de Omrop een zo breed mogelijk aanbod aan kwalitatief hoogwaardige programma’s en onderwerpen blijven aanbieden aan het publiek in Fryslân. Dat sluit ook aan op het advies van de Commissie Hoekstra dat vandaag gepresenteerd is.

De grootste veranderingen vinden plaats in de televisieprogrammering, voornamelijk in het tweede half uur. In dat half uur zal van maandag tot en met vrijdag een magazine uitgezonden worden met actuele reportages, gasten en debat. Er wordt een verscheidenheid aan onderwerpen in behandeld, van politiek en economie tot sport, cultuur en muziek. Van de bestaande programmering in het tweede half uur komen de volgende programma’s na september niet meer terug: Boppeslach, K-rûte, Klipkar+ en Need op Freed. De programmering in het eerste half uur met Hjoed, It Waar en Hea! wordt niet aangepast. Hjoed wordt vanaf eind september zeven dagen in de week uitgezonden, op zondag komt er een extra editie. Zowel op zondag als op zaterdag zal Hjoed uitgezonden worden als een korte editie zonder presentator. Voor de programma’s die ook op de landelijke televisie te zien zijn; de schooltelevisieprogramma’s en de documentaires van Fryslân DOK, zijn er geen grote veranderingen.

Op de radio door de week komt ook een nieuwe invulling met een langer programma tussen de middag. In dat actuele programma komen nieuwsonderwerpen en achtergrondreportages voorbij. Dat betekent dat het achtergrondprogramma Omnium, dat nu tussen 11:00 en 12:00 uur uitgezonden wordt, verdwijnt. De ochtendprogrammering blijft verder bestaan uit de programma’s Omrop Fryslân Aktueel en Muzyk yn Bedriuw. ’s Middags en ’s avonds blijft de programmering bestaan uit Noardewyn, Omrop Fryslân Aktueel en Radio Froskepôle. Noardewyn zal daarbij wel een uur korter zijn. ’s Avonds na Froskepôle wordt De Jûn fan Fryslân uitgezonden, het programma De Dei Foarby verdwijnt. In het weekend verdwijnen de volgende programma’s: Jazzkafee Wijnbergen, Fersykplaten, Datwiedoe en Muzyk Maskelyn. ’s Middags zal het programma op zaterdag en zondag in grote lijnen hetzelfde worden met een combinatie van sport, muziek en amusement. De kopermuziek die anders in Muzyk Maskelyn werd uitgezonden, zal nu voornamelijk te horen zijn via het Koperkanaal, dat zondagochtend op de radio te horen is en 24 uur per dag ook op internet.

De veranderingen in de programmering zijn nodig omdat Omrop Fryslân flink moet bezuinigen vanwege de vermindering van subsidies en inkomsten en daarnaast hogere kosten. Tegelijk wil de Omrop een zo breed mogelijk aanbod aan kwalitatief hoogwaardige programma’s en onderwerpen blijven aanbieden. Dat sluit aan bij het advies van de Commissie Hoekstra. Volgens de commissie vraagt de bijzondere positie van het Fries ook om een bijzonder beleid voor het media-aanbod voor het Friese publiek. Dat zou het beste kunnen worden geregeld in de mediawet. De commissie pleit voor een volwaardig programma-aanbod in de Friese taal, dat dagelijks beschikbaar is op verschillende platforms, en een eigen regiodekkende zender voor de Friestalige programmering. Met de vernieuwing van de programmering wil Omrop Fryslân op het rapport van de commissie inspelen.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.