Frysk Bûsboekje – Myn namme stiet op de doar, sei de man, mar fierder bin ik baas, sei de frou

Frysk Bûsboekje 2027: it mei in namme hawwe!

It nije Fryske Bûsboekje, edysje 2027, leit yn de winkels. It tema is diskear ‘nammen’. Ûnder it motto: ‘what’s in a name’ hat de redaksje te set west oer doarpsnammen, famyljenammen, bynammen en skelnammen. Wy ha in petear hân mei de Topografyske Wurkgroep oer it ferfryskjen fan plaknammen, in proses dat al in protte jierren geande is en in kwestje is fan ‘oanhâlde as storein’.

De tradisjonele puzel sil in soad Bûsboekjebrûkers wol efkes oan it wurk sette. Betink mar ris yn hokker doarp de ‘koekefretters’ wenje! Ynstjoerders meitsje kâns op in Bûsboekje 2028.

Op alle siden stiet ek wer in sechje. As as: “Myn namme stiet op de doar, sei de man, mar fierder bin ik baas, sei de frou”.

In alle doarpen kenne wy se: de bynammen. Sa as Janke Plof en Kees Pruts. En yn in oar artikel geane wy yn op de werkomst fan âlde Fryske famyljenammen, dy’t faak einigje op ‘inga’, ‘stra’ en ‘sma’.

It Fryske Bûsboekje bestiet al sûnt 1976, en it nije Bûsboekje is dêrmei edysje 52. Earst wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, de lêste jierren is dat de Fryske Beweging.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.