FNP: Friese identiteit moet zichtbaar op Nederlands paspoort

Persbericht: Sybren Posthumus

Resultaat EFA-kongres yn Ljouwert: alle FNP moasjes oannommen

Ljouwert – Mei in goed gefoel sjocht de FNP wer werom op it EFA-kongres dat de lêste dagen yn Ljouwert holden is. Alle moasjes én resolúsjes fan de FNP en de FNP jongerein binne mei grutte mearderheid of unanym oannommen. It lânboufoarum hat neffens de seis Europarlementariërs fan grutte wearde west foar harren wurk. Fierder is der úteinsetten mei in boargerinisjatyf om ék it Frysk in ko-offisjele status te jaan as EU-taal en dat mei in trochbraak neamd wurde. Hjirûnder folget alles noch efkes op in rychje.

– De FNP moasje om opbringsten ’t delfstofwinning foar in ridlik part ten goede komme te litten oan de regio’s dêr’t it wún wurdt, mei omkearde bewiislêst, is mei algemiene stimmen oannommen;

– De FNP resolúsje dêr’t it Nederlânske regear yn feroardiele wurdt fanwegen de plannen om grutskalige wynmoleparken yn Fryslân ta te stean is mei de grutst mooglike mearderheid oannommen;

– De moasje fan de FNP jongerein om de eigen identiteit fan groepen sûnder eigen steat op offisjele dokuminten sichtber te meitsjen is unanym oannommen. In moasje dat regio’s mei in eigen taal it foech oer it taalûnderwiis hawwe moatte soenen is ek oannommen;

– Der is in Europeesk boargerinisjatyf presintearre om 9 talen yn de EU in ko-offisjele status te jaan. Dat betsjut dat ynkoarten begûn wurdt mei in aksje om yn 10 lidsteaten sa’n 233.000 hantekens op te heljen om dat inisjatyf te stypjen. Yn Nederlân soe it gean om 18.750 hantekens. As it Frysk ek in ko-offisjele status krijt kinne Friezen yn de takomst yn it Frysk in brief stjoere oan de EU-ynstellings en fierder wurde publyksdokuminten ek yn it Frysk beskikber steld.

– By de diskusje oer it ferkiezingsprogram 2014-2019 hat de FNP ûnder oare ynbrocht dat de FNP grutte beswieren hat tsjin de opslach fan CO2, dat der minder burokrasy komme moat foar de boeren en dat der in ein makke wurde moat oan de grouwelige bonussen by de banken.

– De lânbouwurdfierder fan de EFA-fraksje yn it Europeesk parlemint, Alyn Smith, fûn dat op it sympoasium fan de FNP op de Dairy Campus in soad ‘best practices’ te sjen en te hearren wienen. Sjoch ek de Twitter-account @alynsmithmep foar tekst, byld en filmkes.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.