Oproep aan Europarlement voor betere bescherming Friese taal

Nederlânske Europarlementariërs skriuwe brief nei Twadde Keamer oer it Frysk

Ljouwert – De Nederlânske leden fan it Europeesk Parlemint roppe harren kollega’s yn de Twadde Keamer op om de Fryske taal yn Nederlân better te beskermjen. De Twadde Keamer leden waard frege te sjen nei de knyppunten yn it belied foar it Frysk en te besjen hoe’t de besteande regeljouwing better neilibbe wurde kin.
It giet hjirby benammen om it Europeeske Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Nederlân wie ien fan de earste ûndertekeners fan dit Europeeske ferdrach, mar hâldt him der oant no ta net goed oan.

De brief is skreaun nei oanlieding fan de besite fan it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Steatekomitee Frysk – dêr’t alle politike partijen yn de Fryske steaten yn fertsjintwurdige binne – oan Straatsburch op 20 jannewaris. Dêr hat de groep wiidweidich sprutsen mei de leden fan de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages fan it Europeesk Parlemint. Ek waarden in tal petearen fierd mei Nederlânske leden fan it Europeesk Parlemint. By ien fan dy petearen mei de Europarlementariërs Thijs Berman (PvdA) en Jan Mulder (VVD) waard it foarstel dien de kollega’s yn Nederlân op te roppen der op ta te sjen dat de besteande nasjonale en Europeeske regeljouwing foar it Frysk better neilibbe wurdt.

Yn de brief wurdt oanjûn dat de Europeeske Uny grutsk is op it grutte kulturele en taalkundige ferskaat tusken en yn de lidsteaten. Dy rykdom is in boarne fan kreativiteit en fan wurkgelegenheid, mar foaral ek in kwaliteit fan libjen. Twa- of meartalichheid fan de ynwenners fertsjinnet it om oanmoedige te wurden. Dêrneist wurdt yngien op de oanlieding fan de besite oan Straatsburch, it tekoart oan respekt yn Nederlân foar it Frysk oer. Der bestiet regeljouwing, mar it neilibjen en de útfiering kinne folle better.

Om’t it yn it foarste plak om nasjonale regeljouwing giet kin it Europeesk Parlemint soksoarte fan ûnderwerpen allinne oanhearre en ûndersykje. De kontrôle op it neilibjen is yn Nederlân de ferantwurdlikheid fan de Twadde Keamer. Fan dêr dat de Nederlânske Europarlementariërs dit brief stjoerd hawwe.

Mar der is ek in Europeeske diminsje. Yn hast alle lidsteaten fan de Europeeske Uny wurde ien of ferskate minderheidstalen praat. Boppedat is der it Europeeske Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Ek de Europeeske Uny makket geregeld gebrûk fan dit ferdrach op it mêd fan taalbelied.

It brief is ûndertekene troch Thijs Berman (delegaasjelieder PvdA), Marije Cornelissen (Europarlemintariër GroenLinks), Sophie In ’t Veld (delegaasjelieder D66), Dennis de Jong (delegaasjelieder SP), Wim van de Camp (delegaasjelieder CDA) en Hans van Baalen (delegaasjelieder VVD).

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.