PvdA wil opheldering gedeputeerde Adema over sloop Marssum

Bron: Statenfractie PvdA

PvdA stelt fragen oer útspraken deputearre Adema oangeande sloop fan huzen by de fleanbasis.

Deputearre Adema soe yn de Commissie Defensie fan de Tweede Kamer oanjûn hawwe dat sloop fan huzen yn de neiste omkriten fan de fleanbasis yn Ljouwert besprekber wêze soe. Dit nei oanlieding fan de mooglikheid dat Nederlân beslút om de JSF oan te keapjen en dat dat fleantúch mear l·dsoerlest jaan sil dan de besteande F16.

It is net krekt dúdlik oft Adema dy útspraken die as foarsitter fan de COVM of as deputearre fan de provinsje Fryslân. Oare leden fan de COVM binne op foarhân net ree om huzen te slopen om romte te meitsjen foar de JSF. En as Adema mei syn útspraken it stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten ferwurde, dan wol de PvdA Steatefraksje graach witte wat foar ·fwagings it kolleezje makke hat.

De PvdA Steatefraksje fynt it wichtich dat der in soarchfâldige weaging makke wurdt dêr’t alle belangen yn woegen wurde. Likegoed dy fan wurkgelegenheid foar in soad minsken as dy fan de kwaliteit fan de leefomjouwing fan in soad Friezen.

Rjochte oan DS / lid DS Deputearre Adema
Fraach / fragen

1. Kloppet it dat deputearre Adema op moandei 6 april 2009 yn de gearkomste fan de Commissie Defensie fan de Tweede Kamer oanjûn hat dat yn it belang fan de wurkgelegenheid yn Fryslân, it slopen fan wenningen yn de neiste omkriten fan de fleanbasis fan Ljouwert besprekber wêze soe as dat liede soe ta behâld fan de fleanbasis?

2. As de deputearre net goed sitearre is, hokker útspraken hat hy dan dien yn it ramt fan mooglike sloop fan wenningen yn de omjouwing fan de fleanbasis?

3. Die de deputearre dy útspraken as foarsitter fan de COVM of as lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân?

4. As de deputearre dy útspraken die as foarsitter fan de COVM, wurdt dy opfetting dan dield troch de oare leden fan de COVM?

5. As it andert op de foargeande fraach nee is, is dat dan it stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân?

6. Sa ja, hoe is it kolleezje dan ta dat stânpunt kommen en binne jo fan doel om, yn it ramt fan de aktive ynformaasjeplicht, Provinsjale Steaten dêroer te ynformearjen?

Yntsjinner(s) PvdA, Aafke Postma

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring