Bron: Omrop Fryslân
Krante te keap
De Ljouwerter krante stiet yn de ferkeap. Troch ferkeard útpakte ynvestearrings is it memmebedriuw NDC media yn swiere finansjele problemen kaam. De Ljouwerter Krante driget meislepe te wurden yn de ellinde.
Fiif jier finansjele krisis bringt de Ljouwerter Krante oan de râne fan it fallisemint. Besluten oer de krante wurde net mear yn Ljouwert naam, mar oan de Súd-as fan Amsterdam. De ING bank is no de baas.

