Jild Frysk Mediafûns nei ûndersyk sûnenssoarch en GPTV Live

Bron: Provincie Fryslân

GPTV kriget in bydrage út it Frysk Mediafûns om eveneminten live yn byld te bringen. It giet om sport- en kulturele aktiviteiten yn Fryslân, dy’t oant no ta net streekrjocht op televyzje komme. Ek jouwe Deputearre Steaten in bydrage út it fûns oan de Leeuwarder Courant foar in ûndersyk nei de takomst fan de Fryske sûnenssoarch.

Oan beide projekten is mei-inoar 42.540 euro takend. Yn in twadde tender dit neijier is noch ris 70.000 euro beskikber.

Mei de live-útstjoerings ûntwikkelet it kommersjele GPTV him fierder as tsjinhinger fan de publike omrop. Op foarstel fan de Advyskommisje Frysk Mediafûns oardielet DS dat soks goed is foar de pluriformiteit fan de Fryske media. Boppedat binne de eveneminten fia de televyzje troch mear minsken te bewûnderjen as no it gefal is. GPTV wol it ek mooglik meitsje dat de útstjoerings op smartphones en tablets te besjen binne. Oan it inisjatyf is 28.500 takend.

It ûndersyk nei de takomst fan de sûnenssoarch kin rekkenje op 14.040 euro. De Leeuwarder Courant hâldt ûnder oaren in grutte enkête ûnder de ynwenners. Op foarstel fan de advyskommissje sjocht DS graach dat de krante ek de wurkgelegenheidseffekten yn byld bringt.

Foar de 100.000 euro dy’t yn dizze earste tender beskikber wie, binne santjin oanfragen yntsjinne. Trettjin waarden ôfwiisd om’t de oanfreger net in profesjoneel mediabedriuw wie, gjin rjochtspersoan wie, of Fryslân net as foarnaamste ferspriedingsgebiet hie. Twa oanfragen binne neffens DS – op advys fan de kommisje – ek sûnder subsydzje útfierber.

Om foar te kommen dat it oerbleaune jild lizzen bliuwt, is op foarstel fan de kommisje ta in twadde tender besletten. Dêrby is it oerbleaune subsydzjebedrach ferhege ta 70.000 euro. Yn it ramt fan dizze twadde tender kinne fan 5 septimber oant en mei 6 novimber nije oanfragen yntsjinne wurde.

Fryslân is de earste provinsje mei in eigen mediafûns. In kommisje fan saakkundigen, ûnder lieding fan âld-steatssiktaris Joop Atsma advisearre oer de ferdieling fan de jilden.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring