Skriuwdei op sneon 31 maaie

De skriuwdei is foar minsken dy’t dwaande binne mei literêr skriuwen en dy’t dêr graach fierder mei komme wolle. Betûfte skriuwdosinten jouwe tips, trúks en skriuwoefeningen. Moarns wurde de workshops jûn yn Tresoar yn Ljouwert, nei de lunch geane de workshops fierder as ‘Skriuwe op lokaasje’ yn it Natuurmuseum Fryslân, ek yn Ljouwert. Alles leit op rinôfstân.

Dielnimmers kinne noch kieze út twa deiprogramma’s:

· POËZY mei as workshopbegelieders de dichters Tsead Bruinja (moarns) en Arjan Hut (middeis)

· PROAZA foar folwoeksenen mei as workshopbegelieder skriuwster Jetske Bilker.

Meidwaan is fergees. De lunch en de tagong ta it museum binne foar eigen rekken.

Opjaan foar 25 maaie fia skriuw@hotmail.com of telefoanysk by Elske Schotanus, tel. 0513 – 62 34 65. Dêr graach by oanjaan oftst dy opjoust foar it poëzy- of foar it proazaprogramma.

It folsleine programma is te finen op skriuwersboun.nl ûnder ‘aginda’.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring