FNP tsjin Kulturele Haadstêd: wer bliuwt us Frysk!

Bron: Parseberjocht

FNP-Ljouwert: KH 2018, mear broeksette yn it brûken fan it Frysk.

De ambysjes fan KH 2018 mei de meartaligens binne grut. De FNP-Ljouwert sjucht soks net werom yn de praktyske uterings sa as de hûs en hûs krante. Wy bin oertsjûge dat KH 2018 in katalysearjend wurkje sil om ûnder oaren ek Frysk in sterkere posysje yn de mienskip te jaan. It Frysk sil dan wol yn de ieren en sinnen fan KH 2018 sitte moatte. It Frysk fertsjinnet mear as in kultureel en wittenskiplik suertsje by de boadskippen. Wy trune by it kolleezje fan B&W Ljouwert as lûker fan KH 2018 oan op in libben taal gebrûk. Lit Fryslân it lân fan taal wêze!

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Pier Tilma, p.tilma@chello.nl

Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:

Oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert

Ljouwert, 04 febrewaris 2015

Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it brûken fan it Frysk by Kulturele Haadstêd 2018

Rju achte kolleezje,

Lokalisearring as tsjinwicht tsjin Globalisearring. De soarch, enerzjy mar ek finansiering, rûnom sjogge wy de bewegings wêr’t minsken yn lyts ferbân de leie sels yn hannen nimme. De FNP kearnwearden fan ûnderen wei op, eigen krêft en ûndernimmerskip slute hjir nau by oan. Kulturele Haadstêd 2018 sjogge wy as in katalysator om dizze ûntjouwings yn de Fryske mienskip flugger ferrinne te litten. Ek sjogge wy dat de Fryske taal lâns dizze line in wichtiger plak by de minsken krije sil. En dêr sit by ús no krekt de knipe. De ambysjes fan KH 2018 mei meartaligens binne grut yn wurden, mar yn de praktyske útfiering fan bygelyks de hûs oan hûs krante en in nije logo fine wy dat net werom. Wy ha dêrom de folgjende fragen.

1) Is it kolleezje it mei de FNP iens dat mei de hjoeddeiske fersterkte regionalisearring ek de Fryske taal (mar ek it Liwwadders, It Bildts en Stellingwarfs) in wichtiger plak by de minsken krije sil?

2) Sjocht it kolleezje ek it belang fan de katalysearjende wurking fan KH 2018 yn de ûntjouwing fan benammen Fryske taal as ûnderskiedend eigene fan de Fryske mienskip?

3) Is it kolleezje it mei de fraksje fan de FNP iens dat de kulturele en wittenskiplike ambysjes fan KH 2018 mei meartaligens grut binne, mar dat wy dêr yn de praktyske útfiering en uterings mar in bytsje fan meikrije?

4) As de antwurden op it boppesteande ja is, sjocht it kolleezje fan B&W as lûker fan de Kulturele Haadstêd de mooglikheid om de abstrakte behanneling fan meartaligens troch KH 2018 organisaasje om te setten yn in libben taalgebrûk, wat oanslacht by de minsken en dêrmei de taal in sterkere posysje te jaan yn de mienskip fan no en yn de takomst?

Wy geane der fan út dat it kolleezje ús fragen binnen de dêrfoar jildende termyn fan 30 dagen skriftlik beäntwurdet.

Mei rju achtinge,

FNP fraksje Ljouwert

Pier Tilma

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.