Foar ‘Poetic Potatoes’, it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, joech de
Moanne, yn opdracht fan Stichting Bildtse Aardappelweken, de dichters Albertina
Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de
opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen.
Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en
Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en
makken fiif bysûndere films dy’t op it Media Art Festival op tongersdeitejûn 5
novimber om 20.30 oere yn de Westerkerk (âld teater Romein) yn Ljouwert yn
premjêre gean.

