Foto: Wikipedia

K&M B2. Ynsidintele subsydzje oan de Stichting Noorderdiepte foar “Ruimte en Cultuur” op PodiumTV, Parmando en de multymediale websiden fan Noorderbreedte en Beeldlijn
(Jorritsma, Poepjes)
Koarte gearfetting fan it ûnderwerp:
De Stichting Noorderdiepte wol mear “content” ûntwikkelje oer Fryslân en it noarden, oer lânskip en kultuer, foar de de stjoerders PodiumTV en Parmando. Fierder wol Noorderdiepte de websiden Noorderbreedte en Beeldlijn ombouwe ta multymediale webportals, dêr’t sokke produksjes ek streamd wurde kinne. Dizze kanalen op ynternet en telefyzje kinne boppedat ek brûkt wurde foar film-, foto-, of tekstmateriaal fan bgl. Museum Belvédère, it Fries Museum, Tresoar, Landschapsbeheer Fryslân, It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân, Tryater, Oerol, ensfh. Dêrby kin ek tocht wurde oan ûndersykssjoernalistike projekten en dokumintêres dêr’t yn oare Fryske media gjin plak (mear) foar is. Fierder is it doel om yn gearwurking mei de oplieding CMD fan de NHL en Stenden University items te produsearjen foar boppeneamde kanalen. Dêrta wol de Stichting Noorderdiepte in wurkromte hiere yn de Blokhúspoarte te Ljouwert.
D.S. beslute: yn te stimmen mei it jaan fan in ynsidintele subsydzje fan € 10.000,-
oan de Stichting Noorderdiepte foar “Ruimte en Cultuur” op PodiumTV, Parmando en de multymediale websiden fan Noorderbreedte en Beeldlijn;
de brief wêryn’t de subsydzje fan € 10.000,- oan de Stichting Noorderdiepte beskikt wurdt, fêst te stellen.

