FNP hat grutte soargen oer ferkearfeiligens yn Stiens

Bron: FNP

Goeie Minsken,

De Fraksje fan de FNP Ljouwert makket him grutte soargen oer de ferkear feiligens yn it cintrum fan Stiens. Foar de simmer binne der ôfgryslik grutte blombakken pleats troch de gemeente yn oerlis mei de OVL Stiens (de ûndernimmers feriening). It doel wie om it sintrum fan Stiens wat op te fleuren. Der is neat mis mei fine wy as FNP mar yn ús eagen pakt it no ferkeard út.

Fanôf it begjin krije wy as FNP al klachten fan minsken en ûndernimmers dat it oersjoch by it ferlitten fan it parkearplak yn it cintrum net feilich is.

Auto’s moatte earst heal op de dyk stean om te sjen at der ek oar ferkear oankomt, sadat ferkear wat ryd op de langebourren útwike moat nei de oare helte fan de dyk.

Ek foar fytsers, scooters en minsken yn in scootmobiel is it tige gefaarlik omdat de begroeiïng yn de blombakken sa heeg en breed is dat ek sy gjin goed sicht hawwe op it oankommende ferkear.

As Fraksje fan de FNP Ljouwert sille wy it kolleezje dan ek freechje sa gau as mooglik aksje te ûndernimmen om dizze ynfolling yn it cintrum fan Stiens te ferbetterjen tot in feilige mar likegoed fleurige situaasje.

Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

foto: Harrie Muis

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees ook de privacyverklaring.